Op ‘e doele
De wedstriid wie in healoere oan ‘e gong, doe’t ik ynskeakele…
Wat my fuort opfoel, wie dat Oranje ferweegde. Wat is dut, ju? Hja kombinearren of wie it har útgong – it wie in eachweid.
Hee, dat is wer ris wat oars, tocht my en ik gong der ris goed foar sitten.
De spilers fan Katar stiene der in bytsje ferbjustere by te sjen. Sterker noch, hja koene der ek wol by sitten gean… en in spultsje krúsjasse of sawathinne. It wie krekt of soe dut Oranje de kritikasters wol efkes sjen litte dat it wier wol kombinearje koe.
Mar ja, wat is kombinearjen om it kombinearjen? Dat is doelleas, no? En… wat is fuotbaljen sûnder doel?
Sa hiene se Noppert ek wol th´ús litte kinnen. Want Noppert sûnder doel is… noppes! Noppert mei doel is… ntopper!
Mar doe seach ik dat it 1-0 stie. Hoe hie dat syn beslach krige? In mislearre kombinaasje?
Hawar, ik bin yn ‘e sliep fallen. Neitiid fertelde it wiif my dat it 2-0 wurden wie. Nee, wol? Noch in mislearre kombinaasje, tink.
Recente reacties