Omstutsen wurk
Dat Wagner-baas Jevgeni Prigozjin de Russyske legerlieding derfan betichtet it folk én syn baas bline hynders foar de doar laat te hawwen, is neffens my bleat bedoeld om baas Poetin de romte te jaan om skylk sizze te kinnen: ‘Hy hie de loarte by de skjinne ein — se ha my ferrifele. Myn ûntskuldigings, hear.’
Lytse Vladi wol sa stadichoan wol graach mei sa min mooglik gesichtsferlies foar dizze nuodlike sitewaasje wei, dus: ‘Geni, myn keukenprins, myn Jev, bried ris wat moais út!’
Recente reacties