OMD
Nuverdernôch beswike Clinton, Obama en Trump tagelyk oan ´e gefolgen fan in besmetting mei it kroanfirus. Sadwaande komme se ek trijeresom foar Gods troan te stean.
“Fertel my ris, Barrack,” spriek God, “wêr oftsto yn leaust!”
“Ik leau yn solidêrens mei ús evenminske,” andere Obama, “en yn wrâldfrede.”
“No, sa mei ik it hearre — it is suver oft my lij wetter yn ’e earen getten wurdt. Wolst dat ek wol leauwe? Kom do mar rjuchts fan my sitten, leave jonge! En do, Bill, wat is dyn fêste leauwe?”
“Ik leau yn in sterke ekonomy en yn antykorrupsjewetjouwing!”
“No, feint, komsto dan mar lofts fan my sitten. En do, grouwe sâlter, wat leaust do?”
De kop fljucht Trump op oranje. Net ien dy’t it ferskeel mei syn wenstige troanje merkbyt. Wylst de wâling him út ’e earen slacht, grânzget er: “Wat ik leau? Ik leau datsto yn myn stoel sitst, heite!”
Recente reacties