Ôfpraat!

Lit ús as Friezen trije dingen te rie wurde. Wy prate mei-inoar ôf dat…

  1. wy trou bliuwe oan ús biedwurd ‘in man in man, in wurd in wurd

    Ik wit noch goed dat ús heit it sa ôfgryslik ôffoel dat dut begjinsel om utens net gou. As bern tocht my doe: Dat sil wol wat tafalle, net?
    Wat witte jins ãldelju (mei harren pijlekkense brul) op it lêst fan ‘e wrãld ôf, is de riddenearring as men jong is. Mar de âldman hie de loarte by de skjinne ein. Wat fierder ik om utens kaam, nammerstemear krige dizze Ûnnoazelsma foar it (frijwat behyplik) ferstân dat alle sizzen noch gjin dwaan is. Dat kaam fan ‘e wike noch eefkes te praat, doe’t ik Makkumer Wieger oan it tillefoan hie. Dy woe it amper fan my oannimme.
    “Ja, jonge, dy’t yn ‘e himel wend is,” besloech ik it doe mar mei, “wit fan ‘e hel net botte folle ôf.”

  2. wy tenei sprekke fan de Nederlannen (meartal)

    Fryslân, Grinslân, Gelderlân, Seelân, Hollân, ensafuorthinne. It meartal wurdt, foar safier’t my bekend is, brûkt yn alle talen. Dat wêrom wy yn ien fan dy Nederlannen perfoarst ûnder in falske flagge sile wolle, is my in riedling.

  3. wy tenei sprekke fan it Hollânsk (as taal)

    Sizze dat der yn ‘e Nederlannen Nederlânsk sprutsen wurdt, is der like fier by troch as úthâlde dat der yn it Belzelân Belgysk praat wurdt. Der wurde withoefolle talen sprutsen yn ‘e Nederlannen. Dat it regear mar in pear as offisjele rykstaal tjilde wol, seit perfoarst net dat bygelyks it Limboarchsk en it Nedersaksysk gjin Nederlânske talen binne.
    It foel mij yn alle gefal wakker ôf dat doe’t ik Nederlandse Taal en Letterkunde studearre, der oars net op it aljemint kaam as Hollânsk. Dat is ek in (lytse) taal, sa net, mar de namme fan ‘e stúdzje joech wat in ûnkrekte foarstelling fan saken, no — it úthingboerd sei net wat der te keap wie.
    Dêrom net, lêsten waard my fan ien te witten dien dat it op ‘e non rint mei dy stúdzje. Nee, wol? Hahaha!
    Nin niget, ju! Dizze jonge wit wol hoe’t it oars moat en ikkerje dy stúdzje wat op. Meitsje der in suvere stúdzje Nederlânske Talen fan.
    Ja, ik begryp wier wol dat Fryske, Siuwske en Limboarchske studinten dan in bêste reed yn ’t foar binne, mar…
    Is dat no sa slim?

Hin? Dizze útstellen bringe gjin seadden oan ‘e dyk? Der feroaret neat om?
It is mar in besykjen fan de skriuwer fan dut stikje en lis it yn ’t wier tsjin seden- en taalfersmoarging.
Wat dat lêste oanbelanget…
Jawis begryp ik wol dat it guon lânslju neat net yn ‘e wei is dat ús lân fan alle man en wrâld Hollân neamd wurdt — yn it ramt fan L’état c’est moi, tink.
En wat it earste oanbelanget…
Us mem sei it sa, as ik myn alderlêste argumint ‘Mar Piter docht it ek!’ út ‘e pylkkoker luts:
“As Piter yn ‘e feart springt, springsto him dan efternei?”

Dit vind je misschien ook leuk...

5 reacties

  1. Jaap Slager schreef:

    Oe heden, nei’t ik op Publish drukt hie, seach ik dat ik yn guon gefallen in ~ brûkt hie yn stee fan in breedteken. Dy twa sitte boppe inoar op myn toetseboerd. En om’t ik in soad Portegeesk skriuw, ûntkomt… Hawar, ik leau dat ik se no allegear ferbettere haw. Oars hear ik it wol … Dauwe?

  2. D.f.d.Meulen schreef:

    JONVLOGGER.PT
    JonVlogger.pt EÚnje
    fon Jämes Släyer
    throagh Jaap Slager
    OU’PRAAT, HEÄR!
    ’n Mân ’n mân. ’n Wörd ’n wörd.
    ’n Frau if frau. ’n Grietmân-frau.
    De Lege Lânnen binn’ ne’er foll.
    Leger-Saxen Ne’erLegerlannen
    HOLLÂNSK tale ienhied’s steat
    ‘I LOVE FRIESLAWN’
    FRIESLAWN BOPPE
    OMROPFRIESLAWN
    PRAAT MAR FRIESK
    Ânti-Friesk Dayblêd, LEÀUWERTER CURRÂNTE
    ’n Hollânsk bolwörk LC.NL FD.frl de krânte.FRL
    itNijs.frl ’t Neys FRL Frieslawn
    Friesk Rea’/rev/rep. Leger
    Wôlden Commando.
    Leävver Read âs Slaven, GuStavorem Ôldemaroder Cliff
    Anglo-Friesic-k wördbield, iinterfriesk, iinternasionaal,
    wörket woll good by yonge liu iin Frieslawn Ingellawn.
    Y-grec ig geck, sandhi if Frieske tradiisje. Portegiesk

  3. D.f.d.Meulen schreef:

    Rigel 5. âldeliu hat yét ’n tilde, manjana-teken.
    Siik-plaatsje siekje (hav) soaght.
    Ta 7. What fiérder OfT Ik /… 3 pöntsjes loss r. 1.
    Uus Lawn 2. Legerlânnen r. 2. Dât, wêrom’T wi
    3. R. 1-3. Leävver PRAAT âs Sprutsen, buordsje.
    Nin nigeD, juh! NijichhieD en joh, joch’ie, jonge.
    ‘n(!) Yier âs threie, fiour liin if fêst steld throagh
    ’t cabinet Comma, Dât it The Netherlands wêze
    moàt /… Brecking -oà- oanjaan-oanjoen mei oà.

  4. Jaap Slager schreef:

    “3 puntsjes los”?
    Dat is Hollânsk, ju! Ik brûk it Anglo-Friesic-k wördbield, Dauwe. 😉

  5. D.f.d.Meulen schreef:

    R. 5. âldeliu if ferbettere?
    OfT — Wêrom’T — nigeD
    Angel-Saxisk bedoelst — think?
    Think-StreeKje hat dêre ik nin
    Spaasje oan wjerskânten.
    Ik doch it Dòchn’t foàr de
    Cât h’siin steort, woll?