Ôfnimmen is skelmjen
In Hollanner en in Fries binne yn Brussel.
– Ik haw ferlet fan wat, seit de Hollanner as se in bakkerswinkel foarbykomme.
– Dat kin wol wêze, seit de oar, mar ik haw de ferkearde broek oan.
– Ik bin ek luthersk, seit de Hollanner, mar kom mar mei… kinst noch wat fan my leare.
Hja stappe de winkel yn en wylst de bakker mei in klant dwaande is, lit de Hollanner twa stikken koeke yn syn bûse glydzje.
Bûtendoar langet er de oar in stik koeke oer.
– Wol ik net ha, seit de Fries, dat is stellen.
– Ja, wat oars? Wy hawwe ommers gjin jild by ús.
– Ik sil dy sjen litte hoe’t men soks kristlik en minnistlik docht. Kom mar mei. Sa kinst noch wat leare.
De Hollanner stekt de twa stikken koeke by him en tegearre rinne se de winkel wer yn.
– Ik haw gjin jild by my, seit de Fries earlik. Mar ik bin gûcheler. En foar in stik koeke sil ik jo eat sjen litte, wat jo noch nea sjoen hawwe. Hoe liket dat?
– Dat moat altyd wêze, seit de winkelman en de Fries begerzet him fan it grou stik koeke dat er fan de bakker oanlange kriget.
As it hiele stik beslikke is, sjucht de winkelman him freegjend oan.
– Lekker, seit de Fries, dêr wie ik oan ta.
– Moai, trúnt de bakker him oan, mar wat is no de trúk?
– De trúk, sprekt de Fries mei folle staasje… Sjuch mar ris by dy Hollanner yn ‘e bûse!
Recente reacties