Oeral thús

  • Oeral-thus

‘Ek sit ik yn ‘e PR-kommisje,’ die immen my troch de e-post te witten. Om yndruk te meitsjen, tink?

Frysk en PR? Ik wit net… dêr sit foar myn gefoel eat fan tsjinstridigens yn. In Fries seit dei en wei wat er tinkt, no? Dêr komt men yn de PR net fier mei, wol my oan. Dêr moat men alle drippen oankommen sjen en wat fyntaliger út ‘e hoeke komme — hoe hjit it? — wat politiker. Om deselde reden binne politike pommeranten ek meast net-Friezen. Om’t stânfriezen fierstente rjucht foar de raap binne, tink.

No’t ik it yn my omgean lit, komt men mei dy rjuchtutens net allinnich net fier yn PR en polityk, mar ek om utens is men mei gauwens de lilke man. Seine sibben en freonen altiten ‘As men spul mei Jaap kriget, sit him dat oan jinsels!’, hjir yn Portugal krij ik it allegeduerigen mei alleman en wrâld op ien ein. ‘Do silst net folle freonen meitsje!’ warskôget buorman Zarak my út en troch, wannear’t ik wer ris sein haw hoe’t ik oer eat tink. Net dat hy net seit hoe’t er earne oer tinkt. Jawis wol. Mar inkeld as it oer dingen giet dêr’t syn peteargenoat de holle net kreas fan wurde kin. Sjuch, dêr hâld ik te min rekken mei. Of sis mar: gjin!
Dêr komt hjir noch by dat men ‘ja’ mei in healpûn sâlt nimme moat. As se ‘ja’ sizze, bedoele se dat ek wolris, sa net, mar it kin likegoed ‘nee’ betsjutte. Allinnich ‘nee’ sizze wurdt hjirre sa’t skynt as ûnfatsoenlik beskôge. Ja, dêr moatst by my mei oankomme! Wa hat no ferlet fan sokke freonen?
Wat ik wol in moaie útdrukking fyn, is ‘ter cara de poucos amigos’. Dat wurdt sein as men in soer gesicht set. Letterlik betsjut it: in gesicht fan net folle freonen. Ik sjuch altyd like blier, mar ik haw dus ‘in wurd fan net folle freonen’.

Dêrom net, ja-sizze-en-nee-dwaan liket wat in Jeropeeske sykte te wêzen of te wurden. Ommers, it iene foar it oare regear sei it Oekraynske de ôfrûne jierren wapens ta, dêr’t it syn lân mei ferdigenje kin tsjin de Russyske agresje. It is de hjitting dat dêr yn ‘e praktyk net folle fan op ‘e hispel kommen is. In hege miter fan de NAFO hat okkerdeis útrekkene dat Noard-Korea yn ien moanne mear oarlochsark oan Ruslân leveret as it Westen yn in hiel jier oan Oekraine!
Dat arbeidet sa’t skynt net folle út op de positive hâlding fan it Oekraynske regear foar it Westen oer — it bliuwt minlik freegjen om levering fan wat tasein is.
Ja, wat moat it oars? Dat it is mar goed dat ik net yn syn PR-kommisje sit.


Dit vind je misschien ook leuk...