Oer it ginneraal
Moin S,
Ik moat S gelyk jaan, ik wist dat net. Ik wist net, dat der yn it foarste fearnsjier fan 2018 9600 Nederlanners oan it grypfirus ferstoarn binne. Dat foel my raar op ´e lea!
Dan falt it hjir yn Portegal, dêr´t de teller juster stean bleau op 409, noch wol wat ta. Yn ús Alentejo is noch net ien ferstoarn oan it kroanfirus. Mar wy moatte sûnt in trije wike wol allegearre yn ´e hûs bliuwe. Soks liket wat te bot oanset, yn it ljocht fan wat S my fertjutske. It Portegeeske regear seach it him oan, tink, doe´t de boel by de Spaanske buorlju yn disoarder rekke. Dêre, yn Spanje, binne se de tel al bjuster.
Dat, dêr hie S in punt. Mar ik set al wat fraachtekens by de folgjende teksten fan S:
“No kinne wy allegearre de súdlike mediterraneeske mentaliteit. Live and let die, la vie en rose, viva la vida, viva la vie, tsjoch, zum wohl en santé enfh, esfh. Meie jo dan as sûkerom, jildsjitter net in betingst meitsje?”
Wat wol S dêrmei sizze? Dat alle minsken yn Spanje, Portegal, Grikelân, Itaalje ensafuorthinne allegearre folslein gelyk oaninoar binne, wat harren mentaliteit oanbelanget? En moat dat dan de ymplikaasje ynhawwe, dat alle Hollanners, Friezen, Dútsers, Poalen ensafuorthinne ek allegearre fan ien en deselde lape skuord binne, dat alleman deselde mentaliteit hat as Wopke en S, en dat – ex ipso – Kerst deselde mentaliteit hat as Dauwe?
En dat “no kenne wy allegearre”, giet dat net wat fier? Ik wol dêr perfoarst net by hearre, hear, by dat “wy allegearre”!
Ik wol S wol tajaan, dat leechrinders yn dizze kontreien wat gauwer yn it each falle as yn it heitelân. Mar soe him dat net in hiel lyts bytsje oan it ferskeel yn klimaat sitte kinne?
Ik bedoel, ik sit ek gauris bûtendoar mei in gleske – en mei myn trijehûndert pûn wurdt dizze leechrinder fan S fuort dûbeld teld, tink. Mar bliuwt S op in simmerjûn at er de lea fielt mei syn bierke yn ´e hûs sitten? Yn dizze kontreien ha wy no ienkear it maleur dat wy oantangele sitte mei 360 simmerjûnen yn it jier. Wakker dreech fansels, mar wy rêde ús dêrmei. Us heit, ek in Slager, sei wolris: It is sa houd, it moat ek sa iten wurde!
En dêr woe ik mar mei ôfslute.
Also sprach
Jaap
Ik hie yn ´e holle doe´t ik my fan ´e moarn efter myn lessener sette, en skriuw der noch wat by. Mar dat ûntkaam my wer, fansels. Ik hie der noch by skriuwe wollen, dat it mysels altemets ek ûntkomt, mei dat ginneralisearjen. Lêstenwyks noch, as it my net mist, doe´t ik dat stikje oer froulju skreau. Of hie ik dat yn in oare taal skreaun? Dat koe wol…
Jim sjugge it wol, tink, der ûntkomt my hieltyd mear 🙂
Recente reacties