Ode an die Freude of… ûnferskeligens
(Fersk)iteraasje
Myn earste wiif smiet har iten leaver fuort as dat se it oan my joech. Myn Maria jout it leaver oan my. It is dêrom, haw ik noed, dat ik no dy sâlter mei dy pitertuerlike koiffuere wol wat belykje dy´t op it heden alle dagen op CNN komt om hearre te litten dat er der wer in nij wurd byleard hat.
Want ik haw no ienkear de boereheblikens myn board leech te foarkjen, sjuch – alles wat my foarset wurdt, lap ik deryn. Ut âlderwenst, want sa bin ik grutbrocht. It wie skande by ús thús en miterje goed iten yn it jiskefet.
Kâld en kerbûstich
En sa is it mei oar guod ek. Sa is it ús leard – mij teminsten.
Der is gjin keunst oan om rûch en rij mei de spullen om te gean – men kin wol in fioele tsjin in beam oan stikken slaan – mar libbet it net folle moaier as men alles mei leafde en respekt behannelet?
As wy dat yn it lyts net kinne, yn ús eigen lytse rûnte, hoe soe it dan yn it grut goed komme moatte, mei de planeet dêr´t wy op libje.
Argewaasje
Mar no komt it. Ik soe tsjin mysels sizze wolle: Sjuch op dysels en lit in oar syn swee gean! Dy oar hat himsels op it lêst ek net op ´e skeppe hân, no.
Mar nee, dat kin ik net. It is my yn ´e wei. Wêrom? Dat wit ik winliken net. Want, goed besjoen soe ik oan ´e skouders lûke moatte – ik haw gjin bern en, as it treft, noch in pear jier te gean.
Dat, as oare lju dy´t al neiteam hawwe, it allegearre neat bomme kin, dan soe men dat moai gewurde litte kinne, net.
Jolie à deux
En ornaris giet dat ek sa. Maria en ik libje as God yn Frankryk en hawwe gjin gedoente mei oaren. Dat is, salang´t dy oaren har op in ôfstân hâlde fansels.
Wy hawwe boppe ús hûs noch in hûs, dat geregeld brûkt wurdt wannear´t wy lju te útfanhûzjen hawwe. Dat, ik lêstendeis, doe´t der guon wiene, mei in blikje drinken nei boppe ta… eh, nei boppen ta. Doe´t ik it stel, dat noflik yn it sintsje siet, de twa fleskes bier oanlange, seach ik dat se alle ljochten yn ´e hûs op hiene. Hawar, soks kin jin ûntkomme, no. Mar de oare deis wie it wer sa. Ja, dat is ûnnut – dêr moat ik dan wat fan sizze…
Watsjo? Fan Knyphuzen? Och earme, dan ha jo der neat fan begrepen. Om my hawwe se it ljocht de hiele dei op, as se dat fanneden binne. Mar as ik in fertrek ferlit, dan giet it ljocht út. Dat doch ik ek as ik by in oar bin, hear.
Mar goed, in oar foarbyld…
Doctor Gupta, gimme the news
Dy kenne jim wol, tink, fan CNN. In ferstannich man oer it ginneraal, mei besteklik praat. Mar yn in kampanjespot foar hoe wichtich oft it is dat men alle klapsketen jins hannen goed wasket, is er der nei myn bestek fier by troch. Hy lit de wetterkraan it hiele proses fan hanwaskjen troch iepen stean, wylst er de kloeren mar trije tellen ûnder de striel hâldt – ien tel om harren wiet te meitsjen en twa tellen om him de sjippe derfan ôf te spielen. Wat in fergriemerij fan kossel wetter, net! Skande fyn ik soks. Sels wylst er syn hannen stiet ôf te drûgjen, lit er de kraan noch trochrinne.
Wat in ûnferstân!
Wetterkrapte
Wêrom my dat oangriist? No, om´t men nei myn betinken gjin helpboarnen heart wei te griemen. Net om´t it CNN jild kostet, Dr. Gupta – perfoarst net! Mar om´t men der in hiele klobbe oan hat en foarsjuch bygelyks in miljoenestêd as Los Angeles – mei oan ´e iene kant seewetter en oan ´e oare… woastine – fan foldwaande liedingwetter. Skielk hielendal, hoenear´t it simmeret.
Of krije wy dan in filmke dêr´t Dr. Gupta ús yn útleit dat wy foar itselde de kraan efkes tichtdraaie kinne ûnder it hanwaskjen 😊
Alle Menschen werden Brueder
No´t wy dochs wetterkrapte te praat hawwe… kenne jim bygefal dy oare kampanjespot, ek foar it hanwaskjen, mei dat spliste byld? Of is dy allinnich op de Portegeeske tillefyzje?
It boppeste byld lit de presidint fan de Jeropeeske Kommisje sjen dy´t har de hannen wasket, wylst se wakker op ´t skik it Jeropeeske folksliet núnderet; it ûnderste byld toant in pear lytse bern yn in Gryksk flechtlingekamp dy´t hiel behelperich itselde besykje te dwaan troch inoar in leaflyts bytsje wetter oer de hannen te dripkjen.
Wetter(krapte)wille
Prachtich dien, dy tillefyzjespot! Ek al is it grif net sekuer wat Frau von der Leyen op it netflues hie doe´t hja har meiwurking ferliende.
Frjemdernôch hawwe dy beide lytse jonkjes folle mear wille as ús presidint. Dat, no wit ik it net – faaks sjuch ik it allegear hielendal ferkeard. Wetterkrapte is lichtal de kaai ta it wiere loksfielen.
Dat, lit mar rinne, minsken, dat liedingwetter! Wat neukt ús dat noch? Op nei de nije loksteat!
Freude, schöner Götterfunken, Tochter aus Elysium,
Wir betreten feuertrunken, Himmlische, dein Heiligtum!
OADE oan Wille-keuren fon ‘e Upstalsboom,
Of de ûnferskilligens fon Dea’666 Rioghters.
Ik hav leävver havve – mei twarr’s -v-v- beide.
Docter Gupta … foàr hoe wichtich OfT it is …
Folie à Deus, Jaap & Marije libbië iin Portugal.
Portegies-k wier ‘n drogisterij – die’t falliit gie.
Whêre wierne yém doe’t Poàrtegaal baarnde?
Whêre wie dr Gupta doe’t Californje baarnde?
Dr Freude, schöne Guptafunken, Tochter aus
GuStavorum, Dr Faustus fon ‘t Amelawn fûst-
kjen by Sûnderkloas, Himmelemer Ôldefurd,
Rea’Cliff if Fositey Poseidonnesos Heligoland
Redcliff Rock of Äges NepTunis Nefthys Nerth
See