Oanstriid ta sûnde

Hjoed seach ik in spotprint dêr’t Adam tsjin in oare keardel op seit, wylst er mei de tûme oer it skouder op Eva tsjut: “Ik haw besletten en lear har praten — soks kin ommers gjin kwea, wol!”

Hin?
Jawis, in moaie bak, sa net.

Mar dochs rize der by my ien of twa fragen…
Foarst, wa is dy oare keardel? Dy komt neffens my yn it bibelferhaal net op ‘e lappen! Ik wit wol, men moat net alles leauwe wat der skreaun wurdt, mar…
En twad, hie dy moffert Adam dat foarnimmen net fuort ûntlizze kinnen: “Hoe sa, gjin kwea, sipel? En wat, as se ús skielk harkjen leare wol?”

Dit vind je misschien ook leuk...