Nonstop
In bus mei nonnen rydt in ûngrûn yn. Risseltaat: allegearre op non-aktyf … of, as jimme perfoarst de patologysk-anatomyske term fan my ha wolle, kroandea.
Krekt as hja mei har allen in wraam op ‘e himelpoarte dwaan sille, komt Sint Piter alhiel fan ’t sjapiter út syn wachtpost sjitten.
– Ho, susters, in bytsje oarder, graach! Linke ienen, asjebleaft! No efkes from yn ‘e rige stean gean! En dan moatte jimme my earst in fraach beänderje foar’t jim deryn meie.
Hy rint op it foarste frommiske ta en freget:
– Hat suster wolris yn kontakt west mei in manlik … eh, tyldiel?
De non sjit in kaam, sjucht skrutel foardel en lústeret:
– Inkeld in kear mei it puntsje fan ‘e pink, Sint Piter.
– No, fanke, efkes mei it pinkje yn ’t wijwiet dêre en dan mar gau nei binnen ta. Folgjende!
De twadde non is wat libbener op ‘e tried en seit planút:
– Och hea, ik haw der wolris ien beet hân! Mar dat wie ien kear en noait wer!
– No, ju, anderet Sint Piter, goed hanwaskje yn dy wijwetterbak en dan mar hurd nei binnen ta!
Ynienen is der grutte opskuor en roerje yn ‘e rige. In wolken fan in non, dêr’t in Frânsman gjin nee tsjin sizze soe, kringt har nei foaren ta.
– Tuike oan, suster, besiket Sint Piter har del te praten. Wêrom sa gleonhastich? Wy kinne de saken ommers op ús … eh, deade gemak ôfdwaan hjoed?
– Dat kin wol wêze, bêste man, mar ik soe dochs graach efkes de mûle spiele wolle mei dat wetter, foar’t ús oerste dêr har rûge Aken en Keulen yn klinzgje en binzgje moat!
NON-STOP
’n Bus – – –
Patagoanje, mar pathOloge-anatome.
Linke ienen?
Roerje-n? Reuring? Beroerjen?
’n Wolken – – –
Merk-meganisme
Tale-betizing
‘Linke ienen’ = ‘1 voor 1’ yn Amsterdaam 😉
Τιχε βυ τιχε͵ Δαυε! Δω βιστ φανσηλς οχ σα αννηξ μει παϑος!