Nocht oan ûnnocht

Men sjucht oan alles dat it in man fan kwizekwânsje is dy’t deryn komt. Hokfoar affearen soe dy te sykjen hawwe yn in sljuchte jachtweide as dy fan Jelle? De man set him noflik tusken ús oan ‘e taapkast, oft it syn wenstige plak is.

– Ik wol in dea fiskje, jout er Jelle de kaart werom.
Ik prúst yn myn bierke, ik soe krekt in flinke kûle lûke. Ik bedoel, it eigenskipswurd dea komt my wat oerstallich foar.
– Ja, dêr laitsje jo no om, glimket er, mar ik haw it al oars meimakke, sjuch.
Hy giet foaroer en sloarpet it boppeste út syn romer – Jelle is in taper fan it âlde laach, dy’t wit hoe’t it heart.
– Dat wie yn Bar Harbor, Maine, New England, Feriene Steaten…
Ik haw gjin belul wêr’t dit op ta sil, dat it liket my de baas en hâld my mar stil.

– It wiif en ik hiene krekt spul hân, begjint er syn stoarje, en hja stume jit. Dat doe’t wy yn in restaurant oanskoden, krige ik oanstriid en spring ris bûten de stokken: ik bestelde lobster.
Hy sjucht my fansiden oan oft er sizze wol: Dat hiest net tocht, heite! Ik roai dat er syn frou doe krektsa oansjoen hat.
– It wiif woe út ‘er stee wer pizza hawwe, mar ik woe no ris wat oars. Ik wie kjelreauwich, sjuch, woe sjen litte dat ik net by har oan ’e liedbân rûn.
OLLEE!!
Dat is Anne. Anne hat mei fakânsje nei Súd-Spanje ta west. Hy sit oarekant de pommerant en wol mei him proaste, mei in lege romer.
– Jou de mannen der ien fan mij, reagearret de nijeling fuort, wakker op ’t skik sa’t liket dat er oanklang fûn hat.

– Dat wie oars al sa. Dat ik oan ’e liedbân rûn, bedoel ik.
Dêr proaste wy op. Wy meie him al wol lije, dy man. Wat ik persoanlik wol lije mei, is dat er konsekwint wiif seit yn stee fan frou; it Frysk is op ‘t lêst besibbe oan it Ingelsk, no, dêr’t wife in deagewoan wurd is. Is ‘t net sa?
Mar wy sille harkje.
– ‘Mefrou dus pizza en foar mynhear de lobster’, risselwearre dy ober. Oft ik mar even meikomme woe en tikje it skaaldier fataal op it skouderke.
Wy sjugge him ûnnoazel oan. Wat bedoelt er?
– Se ha dêr sa’n akwarium mei lobsters, sjuch, en dêr kin men kar út dwaan. Ik moast de ober oanwize hokker ik ha woe. Is ’t net in griis!?

Stadich begjint it ús te skimerjen, ús nije freon is sa’nien dy’t net witte wol dat wat der op syn board leit, net sa botte lang lyn noch yn ’e greide ompangele of – yn dit gefal – yn ’e see.
– Hie ik it goed ferstien? Unwis seach ik it wiif oan foar stipe. Dy glimke blier werom: Ja, do hast it goed ferstien, heite! Oer wie myn triomf, foarby myn stoerens. As de wjerljocht besocht ik en wyn my derút: ‘Och, in pizza laket my oars ek wol ta, ju.’ Mar de ober hie my de menukaart al út de hân nommen en beret ûnder de earm klamme – der wie gjin tebek!

Hy nimt syn slokje út, fynt dat wy der noch ien ha moatte en wy kinne it alwer iens wurde.
– Soks bart hjir dochs ek net, of al?
Wy binne derôf. Wat bedoelt er, wat bart hjir net?
– Ik bedoel, datst reerêch bestelst en dat de ober dy in pistoal yn ’t knûstke avesearret en nei bûten wiist?
– Ja sa, skatteret Anne.
– Soest in blinders ein rinne moatte ast Dútske byf ha wolst, komt Âlde Keimpe, dy’t njonken my sit, droech fanwegen.
Anne skuort him benei de bûsen út no. Hy jaget ús in skrik ôf as er hommels fan syn kruk komt, fel op ‘e taapkast slacht en bilet: ‘Aufmachen! Schnell! Maul halten und mitkommen! Und zwar ein bisschen plötzlich! Sonst knallt ‘s!’
Wy moatte gnize. Wêr hellet er it wei sa gau?

Wy jouwe de man ta, dat it te uzes langer wizânsje is en lit it oan in oar oer ús fleis om hals te bringen. En op ‘en nij wol er ús ien tahawwe. Mar no is Âlde Keimpe him foar. Jelle tapet de romerkes fol.
– Mar, ha jo dat gefal… eh, hoe hjit it?
Lobster!
– Ha jo dy lobster noch behimmele, of net?
– Dat sil ‘k jim fertelle. It wiif seach oer myn skouder hinne hoe’t de kok it dierke by de boksen krige en yn ien beweging út it akwarium wei yn ’e panne mei siedend wetter soalde. En se fielde har út ‘er stee net te goed en doch my dêr direkt ferslach fan. Dat se hawwe my wer by myn sûp en stút bringe moatten mei lytse pjutskes bier. Dy Bar Harbor Ale hat my der trochskuord dy jûn. Nee, ik bin net in held mei sokke dingen.

Hy nimt syn slokje út en sil gear oer it board iten dat Jelle foar him delset hat. Mar hy kin it net daaie en skoot it wer fan him ôf.
– Hypokryt, sizze jim? Absolút. As ik fan boerekomôf west hie, hie ik mooglik wat oars foar dy dingen oer stien. It wiif hat lykwols o sa lekker iten dy jûn. Tropsêd wie se. Ornaris koe se dy grouwe pizza’s dy’t se jin dêr foarsette, lang net út it swiet…
Hy stoareaget in skoftke nei syn deade fiskje.
– Sa wie se, nocht oan ûnnocht!

Hoeden ynformearje ik oft syn frou stoarn is.
– Och heden, nee man! Hja is in skoftlyn útnaaid, mei in kollega.
Hy wifket in amerij.
– Mei in froulike kollega!
Likegoed betsjûgje ik him myn dielnimming. Hy laket skealik.
– Ik woe wol dat se soks folle earder dien hie. It wie krekt oft ik troud wie mei in kuolkast – in glûpende deeglikenien dêrta.
– In AEG, seit Anne beret.
Anne hat yn wytguod keapmanne, sjuch, en wol soks fan en ta efkes skine litte.
– Mei ien grut ferskeel út ’er stee, jout Âlde Keimpe him der op ‘en nij yn.

Wy gapje him fjouweresom oan. Keimpe set in petret fan ‘foar jim moat ik ek altyd alles mei spjeld en nulle bestekke‘. Mei in wurch gebeart nimt er syn slokje út.
Een AEG laat u niet in de steek… ommers.

Dit vind je misschien ook leuk...

3 reacties

  1. jangerben schreef:

    moai fertelsje,

  2. Jaap Slager schreef:

    Tank!

  3. Douwe fd Meulen schreef:

    FertelTsje, Rimen & Telltsjes, Jon Gerben.
    Jou de mân (der) ien fon mi. Minder ‘der’.
    Dât er fon ‘wiif’ sayt en nèt iinpleats ‘frou’.
    Sa’t it liket tusken comma’s, – sa’t it liket -.
    De ober oanwize hokker OfT ik have woe.
    Fiint, dât wii (der) noch ien havve moàtte.
    Nee, foen dât wii noch ien have moàsten.
    Benei, sawhat. Jaget skrik = makket kjell.
    Wer woll er uus ien ta_have, fon ‘n-oàrren.
    Disse liket up R.Tseardsma’s iin Nij Frisia.
    Oft De frau stoarn is. Mi oer ’t (-) skouder.
    Och Hedon, Eden. – ’n Skoft lyn (los), li’en.
    ’n AEG lit die nèt sitte, lit it der nèt by sitte
    Miele, der ig gjin better. Mienskip iin guod