Noch in listke
Moin Sytze,
Myn foarrich listke
kaam ik yn oansetten mei “ferbettere ferzje” yn stee fan “wersjoene ferzy”. Mar
no seach ik datsto yn dyn earste e-post oan ús al op ´e lappen kaamst mei “feroare
ferzje” en “fannijs besjoene ferzje”.
Ja, dat kin ommers ek. Of brûk in gerundivum: “op ´en nij te besjen”. Of
omskriuw it wat, bygelyks “(Grutte Opdrachten) dy´t op ´en nij besjoen wurde
moatte”.
Hawar, ik soe ek
noch efkes sjen, hie ik min ofte mear tasein, nei de taheaksels by it brief. Ik
haw der fan ´e middei doe´t ik klear wie mei de oersetterij, noch efkes nei
sjoen. Ik moat no dochs wachtsje op de “feedback” 😊
fan ´e klant moarn (as dy al komt). Ik wit allinnich net hoefier´t ik mei dut listke
komme sil, foar´t ik troch it finster (Lat. fenestra; Fr. fenêtre 😉) spring.
Aldergelokst sit ik ûnder 😊
Silst my net kwea-ôf nimme dat ik my ta it taalkundige part behein en it ynhâldlike de ûnderwizers lit. Allee… (Fr. Allons-y; Port. Bora lá 😉)
SJOCH OM ’E HOEKE: FERLINE, NO EN TAKOMST
ANKELS YN ´T FERLINE, EAGEN OP ´E TAKOMST
Opm: Hahaha, ik soe my ta it taalkundige beheine! Mar, myn alternative titel foar in better, hear! Allinnich, “Sjuch om ´e hoeke” seit my krekt neat.
Grutte opdracht 1: Fryske taal & kultuer yn heden, ferline en takomst
Grutte opdracht 1: Fryske taal en kultuer no, earder en yn ´e takomst
Opm: De oarder kom ik net oan – fyn ik wol aardich fûn!
Oer maatskippij, fermidden en kultureel erf. Oer rol en wearde fan kultuer foar ynwenners fan Fryslân.
Opm: Ik wit net, ik seach hjir wat raar tsjinoan. Hat erf ex ipso net mei it ferline te krijen? En erf fan heden en takomst, dêr hat dizze jonge noch nea fan heard. Mar, faaks lês ik it ferkeard? Toe mar, lit ús trochekerje!
Relevânsje
In minske is gjin ierappel
Opm: Moai wurd “relevânsje”, sa net! Fan Lat. relevare. Mar de lêzer tinkt fuort by himsels “Relevânsje wêrfan?” Alteast, ik al. Myn alternatyf slút foar myn gefoel better oan by wat wy op it rabat hawwe.
Kennis oangeande de Fryske kultuer helpt learlingen om de Fryske mienskip mei har tradysjes en taalgebrûk better te begripen, te wurdearjen en soks yn stân hâlde te wollen. Dy kennis helpt learlingen har ferbûn te fielen mei de Fryske kultuer en foarm te jaan oan de Fryske mienskip troch aktyf boargerskip (sosjale partisipaasje en kulturele belutsenens).
Witnis fan ´e Fryske kultuer helpt skoalbern by har mienskipsfielen en by har berie tradysje en taal bestean bliuwe te litten, fuort te sterkjen en troch te jaan. Dêr komme sin foar it eigene, aktyf boargerskip en kulturele belutsenens út fuort.
Opm: Ik moat tajaan, ik kin bytiden ek omtinken jeuzelje, hear. Mar net as ik graach wol dat ien wit wêr´t ik it oer haw. Dat hat likegoed syn útfallen 😊
Kultuer en kultureel erfguod binne aldegeduerigen yn beweging. It sicht op de (Fryske) kultuer en de skiednis feroaret om’t minsken troch de ieuwen hinne oars tinken gien binne en nije generaasjes foar nije útdagings komme te stean. De bewustwurding dat kultuer dynamysk is, jout learlingen de mooglikheid om keuzes te meitsjen yn wat hja no en foar de takomst weardefol fine foar harsels en de mienskip. Under kultureel erfguod wurdt ferstien: alle materiële en ymmateriële saken dêr’t jo bewust en ûnbewust wearde oan hechtsje en dy’t jo foar de takomst behâlde wolle.
Kultuer is yn beweging. Minsken skôgje har skiednis allegeduerigen mei oare eagen en nije ginneraasjes stean hieltyd foar oare útdagings. Dy dynamyk jout skoalbern de frijens in kar te dwaan: wat se no en alsa ek foar de takomst weardefol fine foar harsels en foar har mienskip. Kultureel erf wurdt ûnder ferstien: alle materiële en ymmateriële saken dy’t men heech hat en foar de takomst behâlde wol.
Opm: Kultuer is
yn beweging, ja. Mar it erf dochs net? Gysbert Japicx en Waling-om soene har yn
harren grêf omkeare, blinder. Of begryp ik it wer net?
Aldegeduerigen?
Ja, wat no “jo”? It Cedin sels wol soks net? Ja, en dat “bewust of ûnbewust”
haw ik skrast, hear. Want hoe wol men yn ´e goedichheid bewust eat foar
de takomst behâlde dat men ûnbewust heech hat. Dat is in aperak!
Troch te lêzen en te harkjen nei ferhalen, sa as skiednisferhalen, hjoeddeiske ferhalen, berne- en jeugdlitertuer en troch oer dy ferhalen te praten, komst net inkeld yn ‘e kunde mei it heden, ferline en de takomst, mar ek mei dysels en oaren.
Troch ferhalen te lêzen, te beharkjen en dêroer te praten komme bern net inkeld yn ‘e kunde mei har eigen taal en kultuer, mar ek mei oare.
Opm: It wurdt sa njonkelytsen wat in riedling, mar it wol my oan dat de skriuw(st)er dut op it netflues hie doe´t er/se de pinne op pepier sette. Yn ´e foarige alinea wie it “jo” en no wie it wer “do”, mar ik leau dat it noch hieltiten oer skoalbern giet.
Ynhâld
Ynhâld fan wat?
Ach, dat mei ek hinnebruie wat der no wer bedoeld wurdt. De skriuw(st)er hat sa´t it liket wat wurden op pepier kwitst en de boel sa feravensearre dat net ien it mear lêze wol. It sil wol wer in spultsje wêze fan: Hâld dat Fryske rosmos, benammen de opperteurs dêre, yn de goedichheid in bytsje yn ´e blâns mei in grypstehealstoer, foar in prejekt of sawathinne, en jim sille sjen: dy hiele striid foar it Frysk blet wol dea!
En dêr koene se yn De Haach wolris grut gelyk oan hawwe.
Do hearst it wol, tink, ik haw myn nocht, Sytze.
Hawar, do hast wer in listke! En fierders moatte de ûnderwizers dêr mar mei rêde. Sa bin ik dermei safier is ´t hinne. 😊
It alderbêste,
Jaap
Recente reacties