Noch berne yn in hunebêd
Ik foel fan ´e wike gear oer de webside learningfrisian.com — in Ingelske webstee dus. Moai, net!
Dat ik in bytsje piele, wylst it wiif nei har telenovela seach.
No, dat foel ôf.
Hin?
Nee, dy Brazyljaanske telenovela gong it poerbêst mei, mar dizze jonge… dy is net folle brets wat ús memmetaal oanbelanget.
Mar dat wisten jimme al, tink.
Dat, ik moat noch in bealchfol wurk út it stee sette foar´t ik it Frysk master bin.
It begûn der al mei dat ik it Ingelske wurd Underworld oersette moast. No hat dizze jonge gauris in gong oer de Hades makke as it net sile woe, dat… lit my mar kuierje, hear. Underwrâld! Warkeweet!
Hoe krige ik it yn it hier? Dat wie in rare pûster fan my! It moast fansels Ûnderwrâld wêze, mei in breedteken op de U. Soks wit in bern noch!
O, nim my net kwea! Ik miende mar dat haadletters nea in klamteken krigen, sjuch.
Mar wy Friezen lizze net fan ien slach. Folgjende fraach!
Are you a boy? Oft ik dat mar efkes nei it Frysk oersette woe.
No, dat woe ik wol. Bisto in jonge?
Hoe krige ik it yn ´e plasse? Dat moast fansels wêze: Bist dû in jonkje?
Bist dû? Net bistû?
Om ´e bliksem net, en al hielendal net bisto!
No, fuort dan mar! Alhoewol´t ik net leau dat der ien jonge te finen is dy´t mei jonkje oansprutsen wurde wol. Ik hear ús Keimpe noch roppen, wylst him de kop op oranje fleach: Ik bin gjin jonkje, ik bin in jonge!
No waarden de fragen ynienen slim dreech. Ik krige “Ik … in …” foarset. Ynfolje! stie der boppe.
Ja, wat moast ik dêr ynfolje? Wie der net in Ingelske foarbyldsin?
Nee!
Tsja, ik smook in piip, ik nim in dripke, ik haw in idee, ik bin in sûch? Ik hie gjin idee! Ik weagje in gokje? Te fier socht, fûn ik. Dêrom folle ik yn: Ik bin in man.
Hoe krige ik it yn ´e harsens? It hie fansels wêze moatten: Ik bin in famke.
Ik leaude it wol, ik moat noch in soad leare.
Mar dat Hwat en Hwannear, is dat net wat… eh, hwat âldfrinzich? Wie it kreambêd dêr´t de man of frou dy´t dut allegear gearstald hat, yn op ´e wrâld kaam, bygefal in hunebêd?
Men mei om my bêst besykje it ferhollânskjen fan ús rike taal wat op te kearen troch mei lytse tikjes oan ´e team te tûkeljen — lykas Sytze alle dagen boartsjendewei docht mei syn âld Taalspegelsnypsel. Mar om ús Ingelske evenminske no op te skypjen mei in taalûnderwiisskrêft dy´t noch yn in baitsje fan bearefel omrint, dat giet my justjes te fier.
O ja, ik stroffele fan ´e middei noch oer in stikje op onzetaal.nl. Dat gong oer zeel. “Dat woord gebruiken wij niet meer in het Nederlands”, lies ik. “Wij zeggen nu: één lijn trekken. Het Vlaams kent het nog wel: aan hetzelfde zeel trekken.”
My tocht, no sil it heve. No komt de oare rykstaal op it aljemint: ien sile lûke, efkes de sile ùtstrûpe, in swiere sile hawwe oan eat…
“Het Duits kent nog abseilen, afgeleid van het Gotische insailjan. En abseilen kenne we in Nederland ook.”
It Frysk, de oare offisjele taal yn it Nederlân, waard net in wurd oan skansearre.
Wat in neargeastige waanwizens, net!
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]