No, toe dan mar!

Hy die hielendal neat oan kampanje fieren. It wie krekt oft er hielendal net winne woe. Mar op 6 jannewaris 2021 hat wol bliken dien dat it der ien is dy’t ta skea fan alles en elkum winne wol. Dus dat soe diskear net alfolle oars wêze. De oare reden wêrom oft er der mei de mûtse nei smiet, koe neffens my allinne mar wêze dat er yn it foar al wis fan ’e oerwinning wie.
Om’t in ferkiezingsoerwinning net yn ’e reden lei – ommers hokker folk soe wittens en mienens immen ta presidint kieze dy’t neat om feiten, wetten en oaren jout? – koe dat allinne mar betsjutte dat syn trawanten temûk it grûnwurk leine foar in kûp.

Mar safier kaam it net. Want, sûnder dat er der wat foar dwaan hoegde – sterker noch, it hie der alles fan dat er mei alle geweld syn eigen ruten ynsmite woe – wûn er de ferkiezings.
Dat kin ommers net, soe men sizze. Ik bin net in gearspanningstinker – of hoe hjit soks tsjintwurdich? In komplottinker, leau ik – mar… doogde dut wol?
Ik bedoel… lit ús ris ûnderstelle dat Amerikanen net wanlyk binne oan ús, it Fryske folk! Hoefolle heiten en memmen yn Fryslân soene in foar ferkrêfting feroardiele psychopaat ta harren foaroanman kieze as ljochtsjend toanbyld foar de bern?

Mear as de helte sizze jimme?

No, lit ús dan mar ophâlde!

Dit vind je misschien ook leuk...