No ha wy de hichte

Pyt en Froukje, dy’t fuort nei har trouwen nei Sweden ta emigrearren, binne fans fan myn stikjesskriuwerij. En as it in út it Hollânsk wei oerset stikje belanget, binne se dikmels fan betinken dat it better is as it orizjineel.
Soks komt yn it foarste plak hjirfandinne dat ik har omke-/muoikesizzer bin. Twad is it Frysk in gâns rikere sprake as it Hollânsk, dat sa dreech is it net. En te’n tredden binne hja al santich jier út Fryslân wei en dát skeelt – ek al binne lju út Skåne wei tige ferroppen yn Sweden sels fanwegens har stegens.

Dat ik ús omke en muoike trou op ’e hichte hâld efkes net meirekkene, hat myn skriuwerij altyd ûndergrûnsk west – en dat hie it winliken ek bliuwe moatten …
Hahaha, dêr wie ik dy foar, heite!
Mar langer nuk ik guon stikjes op in Frysk webstee, ik soe ek net witte wêr’t ik der oars mei hinne moat. Reaksjes: nul komma nul…
Watsei?
Ja, dat is wier, Douwe, do hast krityk levere. No wiest mij foar – 1:1. En bytiden noch opbouwende krityk dêrta.

Nee, Douwe, it is net om’t Friezen sa steech en stúmsk binne neffens mij. Want doe’t ik okkerlêsten in foto fan myn bywiif, dy’t swier is fan ús tolfde, op itselde webstee dondere, krige ik withoefolle tomkes. En – leau my no mar! – har hie ik gâns minder kluien oan as – trochinoar nommen – it skriuwen fan in stikje. Nee, Douwe, folgje ris dizze riddenaasje, ast wolste …

Hoefolle Friezen binne der winliken op ’e wrâld?
Binne wy sa manmachtich, jonge? Tsjong, dat falt my net ôf.
Okee, lit ús dêr noris alle Friezen dy’t net lêze kinne, fan ôflûke. Hoefolle bliuwe der dan noch oer?
Safolle noch? Heden!
No goed, lûk dêr dan dyjinge fan ôf dy’t gjin Frysk lêze kinne!
Sjuchst wol? Dat belekket al gâns!
Lit ús dêr noch dyjinge fan ôflûke dy’t gjin Frysk lêze wolle!
Nee, wol? Dat is ommers in protsje fan neat, ju, dat oerbliuwt!
Mar, fuort dan mar, hoefolle dêrfan sitte der op dit webstee?
Is dat sa? Godskes, dat falt my dan wer o sa ta!
Okee, en hoefolle fan dy seis binne der hjoed-de-dei noch ynteressearre yn eat mear as in fotoke of filmke?
Sjuch, no ha wy de hichte!
En ik lês myn eigen stikjes net fansels. Dat asto dat aansen ek net mear dochst, kin ik-sei-de-gek skielk wol wer ûndergrûnsk.

Dit vind je misschien ook leuk...

9 reacties

  1. jangerben schreef:

    Hoi Jaap, ik ha it alris earder sein, wêrom stjoerst se net nei dy digitale krante ‘It Nijs’ Dêr freegje se ferhalen.

    • Jaap Slager schreef:

      Hoi Jangerben, Ik haw se juster in pear stikjes stjoerd. Gjin reaksje. Se fine der sa’t it skynt neat oan. Of It Nijs kin it nijs net mear oan, dat kin ek.

  2. jangerben schreef:

    Ik ha de bûk fol fan Dauwe, ‘k ha him blokkearre.
    Altiten Negatief.

  3. Jaap Slager schreef:

    Sorry, Jangerben, dat oer It Nijs haw ik dan net meikrige. Myn skuld! Ik sil it yn my omgean litte. Tanke!
    Dat negative fan Douwe (of Dauwe) is mij (noch?) net sa opfallen.

  4. Douwe fd Meulen schreef:

    Jon Gerben, moàst maten en soldaten iin ‘e striid blockearje.
    Dân sillst de striid, de kriegh, de oarlogh mei Hollân jit winne.
    ’n Ûnthankbere hoen die’t gjin help woll by staveringsregels.
    En itNijs.frl ensafh hat mi èk blockearre om tsjustere reden.
    Hoechst nèt foàr te fielen

  5. Douwe fd Meulen schreef:

    Ik kin dyn thinken woll fólgje, Jaap.
    Wii binne mei Siitze ’n unike Elythe.
    Omke P. & muoike F. binne iin ‘e 90.
    Skanomodu.nl Skeemda neffens D.
    ’n Bywiif, Dât swier if fon nûmer 12.
    Goàrre iin Hollânsk byg. meisje die.
    Foàr mi is it nèt te dreegh, mar foàr
    oaren all âst skriowst ’te’n tredden’,
    dikmels en kluien. Maklyk maitsje!
    Aartsdikke, hartstikke-ne

  6. Douwe fd Meulen schreef:

    Ik kin dyn thinken woll fólgje, Jaap.
    Wii binne mei Siitze ’n unike Elythe.
    Omke P. & muoike F. binne iin ‘e 90.
    Skanomodu.nl Skeemda neffens D.
    ’n Bywiif, Dât swier if fon nûmer 12.
    Goàrre iin Hollânsk byg. meisje die.
    Foàr mi is it nèt te dreegh, mar foàr
    oaren all âst skriowst ’te’n tredden’, b
    dikmels en kluien. Maklyk maitsje!
    Aartsdikke, hartstikke-ne

  7. Jaap Slager schreef:

    Ik kin dyn tinken ek wol folgje, leau ik: Ik moat op it stik fan taaleigen Endemol wat mear yn ‘e bûse krûpe, oars kin de trochhinne Fries my net mear neikomme. Bedoelst it goed, tink, mar ik skriuw foar de wille. Lêzen wurden is in byprodukt. In aardich byprodukt, mar likewol in byprodukt. Lykas jild fertsjinjen in aardich byprodukt is fan jins passy. Ik bedoel, net ien (dy’t de kar hat) sil jild fertsjinjen op himsels ta doel nimme. Ehh … altemets net sa’n goed foarbyld en bring dat op it aljemint yn ien sike wei mei Endemol.
    Mar goed, do hast nei alle tinzen gelyk. Sytze hat my okkerwyks ek al ferdútst dat men op it heden earst sjen moat wêr’t Endemol in -oe- brûkt. Want de staveringsregel is no, seid er as it my goed heucht, dat men yn it Frysk dan ek in -oe- brûke moat. Dat by Endemol yn ‘e bûse krûpe moat sachs wêze: yn ‘e boese kroepe. Dat wit ik net, dêr soe ik dan earst in skoft op omstinne moatte.
    Likewol, tank foar de tip!

  1. januari 11, 2018

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]