No ha wy de hichte!
Nee, jonge, ik soe net in bettere útdrukking witte, ast bedoelst dat jim ús ferwitigje at der wat feroaret.
It wie berûn hjoed, mei finsters oan ‘e loft. Likegoed moat men al frekt hurd ride, roai ik, as men oan dyn 18 graden komme wol. Ik krige by 120 km yn de oere 19 op it klokje, en net in graad minder.
Moarn en dêrnei, mei de sinne derby, wurdt it grif wer in graad of 25 yn ‘e lijte. Mar, sadree’t dy ûnder is, knypt it ta. Dus, ja, dan moatte jim it lange ûnderguod foar it ljocht helje at jim hjir binne.
Tsjong, jim krije it noch drok takom wike, begryp ik.
Hjir is fan ‘e wike ek in bytsje snie fallen, yn it noarden fan it lân en yn ‘e Serra de Estrela. Fuort alle skoallen ticht, want … ja, ‘der is gjin trochkommen oan, no,’ sei ien fan de learlingeferfierders. Gjin bern giet yn Portegal op ‘e fyts nei skoalle ta, sjuch. Heechút rinnendewei, as er foar de skoalle oer wennet. Ik wit noch dat it Maria doedestiids alsa nij die, doe’t se dy bern op ‘e fyts yn wyn en rein op wramen seach. ‘Wat sille dy stumpers?’ frege se. ‘Dy sille op nei Dokkum, nei skoalle ta,’ andere ik. (Wy rieden doe mei de auto troch Noardeast-Fryslân foar it goede begryp, net troch de Algarve.) Wat in earm lân, dat Nederlân, hat Maria doe grif tocht.
Nee, Portegal is ryk.
De stroom bygelyks is ûnder it skriuwen fan dut eameltsje al twa kear útfallen. It duorret mar in pear tellen en der rekket neat wei, mar de kompjûter en de hiele rotsoai moat hieltiten wer opstart wurde.
Sa’n geseur alle kearen!
20 jannewaris sjuch ik ynienen. Oe heden, ús Keimpe is jierdei …
Hâld ús op de hichte!
Leafs,
Jaap en Maria
Recente reacties