Noed mei ús sprake

Hahaha, in petear, ja. Dêr sil yn it earstoan net botte folle fan op ´e hispel komme, tink. Net inkeld fanwegen de te wacht te nimmen sosjale ôfstân út reden fan it kroanfirus, mar ek fanwegen de geografyske. Om´t ik yn Portegal húsmanje, sjuch – tegearre mei myn leaf wyfke.

Dêrom net, ik begryp dyn soarch wol. Mar wês yn ´e goedichheid net yn noed oer de takomst! It libben is al sa koart – kwealk lang genôch om ús eigen plak skjin te meitsjen. It is wat in mandewurd, ik wit it – lykas it biedwurd fan myn webstee In minske sin is in minske libben – mar dêrom noch net minder wier. Foar dij is dy minske sin it ûnderwiis, haw ik al wol foar de fernullen, en foar mij is dat myn skriuwerij.

Dat lêste doch ik yn it foarste plak letterlik(!) om ´e nocht. En ik hoopje foar dij dat it ûnderwiis dat (njonken in fêst ynkommen yn dyn gefal fansels) foar dij is, altyd west hat en altyd wêze sil.

Fierdersoan moatte wy ús, bin ik fan betinken, mar wat fêstklamje oan it natuerlike ferskynsel dat fan in spark wolris in grut fjoer komt.

De kâns dat myn skriuwerij sa´n spark wêze sil, is ûnwittende lyts. Mar as der ien bern is dy´t troch in stikje fan myn hân “oanstutsen” wurdt, dan hat myn krewearjen al net foar neat west. De kâns dat ik soks ea witte sil, is jitte lytser.

Do hast al foar it snotsje, tink, wêr´t dit op ta sil 😊 Want, wat dy twa kânsen oanbelanget, stietsto der witte folle better foar.

Dat, mar moai trochgean (sa´t Sytze T. my dikmels foarhâldt)! En lit de takomst foar himsels noed stean!
 

It alderbêste,

Jaap

P.S.
Tink derom, hin, dut wie op ´en nij goed bedoeld! Ik wit dat it langer wizânsje wurden is yn it Nederlân en set fuort de krage op. Mei dy bedoeling haw ik dit net skreaun 😊
Mar meist my likegoed in eamelsek fine 😉

Dit vind je misschien ook leuk...