Nijsgjirrich (2)

Ik lit it yn my omgean. Ik wist om earlik te wêzen net iens dat der frouljusfleis oan Hindrik siet. Ik haw him nea mei in frommes omslaan sjoen. Oan ‘e oare kant – komt my no yn ’t sin – hoe soed er persiis oan ’e bynamme Hindrik Hynder kommen wêze?
– Kinst dêr in foarbyld fan jaan, freegje ik dêrom slûchslim.
– Dat sit deroan oft de lyts jonge Frysk ferstean kin of net.
Dat is ek sa, soe ik myn omkesizzerke hast ferjitte. Johan sit koes neist my en sobbet mei ynmoed op it sûchreidsje yn syn fleske apelsop om.
– Net dat makket, stel ik him gerêst.
Hindrik Hynder skrabet him de kiel.

– Ik wie in kear mei it boat yn La Rochelle. De haven wie grôtfol. Dat se draaiden it slúske net foar my op doe’t ik der oankaam. Se hjitten my in lisplakje te sykjen yn Le Bassin d’Echouage, de âlde tijhaven.
Ik mei Hindrik altiten graach opheljen hearre. Dat is, as ik it oan tiid haw, want syn stoarjes binne nea koart en saaklik, en altyd lardearre mei sfearbylden en sydstapkes.
– Yn ’e tijhaven leine de boaten lykwols ek twa rigen wiid oan ‘e stegers. Dêrom frege ik oan in Frânsman dy’t boppe-op syn boat siet te krantsjen oft ik him op ‘e side komme mocht. De man joech gjin azem. Hy hie it net op ‘e hûd sa’t like.

– It wie al buorkundich wurden, tink, dat Hindrik Hynder kommendeweis wie, besykje ik in smeulske stikel te stekken.
Hindrik beart oft er neat heard hat.
– Mar op itselde stuit weau syn wiif út ‘e roef wei – in wolken wie it, in dream yn bikiny…
Hindrik bliuwt in amerij yn tinzen heakjen.
– In baarliken bytsje kiny, kin ik dy belove, yn ferhâlding ta har wielderige foarmen. Hea, wat in stomp!
Ik hein him de wurden op ‘e tosken. Johan en de keatserij binne my glêd fergetten.
– Hawar, dêr giet it no net om…
Ik wol tsjinabbelearje, mar Hindrik giet ûnfersteurber fierder.
– It frommes joech har noartske man fan it boppeste buordsje: “Lit dy man dochs komme, ju! Do altyd mei dyn nuvere oanslaggen!” Dat dy man gong ynienen foar my yn ‘t spier oft ik kunde wie.
Ik haw it soarte man al op it netflues – wat in toffel.

– In gaadlik plak, sil ik dy fertelle, smout efter de stedswâlen. Jûns waarden dy wâlen en tuorren yn it ljocht set – lykas se hjir yn Fryslân op it heden wol dogge mei in moaie mûne of tsjerke. Ik mei as ik earlik bin it sylhûet fan in tsjuster doarp gâns leaver lije, mar… toe mar! En yn La Rochelle wie it dochs alle jûnen in see fan ljocht, smiten folk op ‘e lappen en stiiffolle terrassen.
– Soest mei in foarbyld komme!
Ik wol tebek nei dy Frânske wolken, sjuch.
– Hast gelyk, Japik, ik reitsje op ‘e doele…

You may also like...