Nije noarm
Moin Sytze,
Tige tank foar dyn e-brief! Al is er net oan my rjuchte, ik haw it dochs mar moai brocht ta de groep fan baasmannen dy´t in CC fertsjinje.
Learplankommisje? Wurkgroep Kurrikulum? Cedin? Allegearre terra incognita foar my, mar dat sil him oan mij sitte.
Hast grut gelyk, Sytze – of sa´t Amerikanen dat sa moai sizze: Ik sjuch wêr´tsto weikomste – wannear´tst seist “It griist jin oan!” Hahaha!
Ik seach dat se harren link net iens goed staverje kinne: www.kurrukilum.frl.
Is ´t net in lust? En wer slacht dy hege komma yn “SIN´ EN WILLE” winliken op?
Is dat in fersin? Of bedoele se dêr ynienen wat oars mei as “nocht en wille”?
En dy link nei de fragelist? Ik krige hielendal gjin fragelist…
Hast alwer gelyk, Sytze, ik sil ophâlde! Want der is ommers gjin begjinnensein oan en rjuchtsje dêr alles wat krûm is. It wie de baas en skriuw de hiele brot op ´en nij.
Dat soe dan al willewurk wêze moatte, want men kin mei de klompen oan wol fiele dat ferbetterings jin sa fier is ´t hinne net yn tank ôfnommen wurde. Iksels fyn it prachtich, hear, as Douwe/Dauwe my op in flater wiist – oft it no by fersin dien is of om´t ik it wier net wist. Wer wat leard, sis ik yn it lêste gefal.
Mar dêr bin ik langer hosk mei, wol my oan. In te lyts ego, tink. Lju dy´t grif grutter skepen binne, stowe bytiden op as in pûn fearren! Watte – hy wurdt fan guon sels blokkearre, haw ik begrepen! Moai, net!
Jawis, hy is der bywilen fier by troch, mar wa is dat net bytiden.
Mar dan sjuch ik ynienen dochs myn namme stean: “In taalputsje foar Jaap?”
Bedoelsto dizze Jaap? Ja, tink. Ik sjuch alteast gjin oare Jaap by de ûntfangers stean. Mar wat woesto krekt dat ik foar dy doch? As it dy om taalnoarm giet, moatst mij net hawwe, bin ik bang. Want, ik bin it meast net iens mei taalfernijers, benammen hoenear´t it Frysk neffens harren mear ôfstân fan it Ingelsk nimme moat en hieltiten tichter tsjin it Hollânsk oan krûpe. Dêr rinne ús mienings/mieningen😉 altyd útien.
Ik sil ophâlde, want ik bin oan bar mei it itensieden hjoed. Mar ik hear noch wol efkes, tink, watsto krekt foar eagen hast.
En tink derom, net nei de bakker! Lit de bolkoerrinner mar by jim komme! 😊
(Kinne de kranterinners wer oan ´e gong 😉 Want mei de Ljouwerter falt langer fansels gjin drûch brea(!) mear te fertsjinjen)
Jaap
Recente reacties