Neukerij
Dauwe hat gauris de oanmerking: Puntsjes los.
Dauwe, sis ik dan, dat is Hollânsk. Ik hantearje ‘it Anglo-Frysk wördbiildt’ (of hoe’t er dat ornaris ek staveret).
Ja, is ’t net sa? It Frysk is op it lêst mear besibbe oan it Ingelsk, no? Mar okkerdeis lies ik dat der yn dy taal ek al ‘lju fan witnis’ binne dy’t der plat foar lizzen gean en skriuw it parentezeteken los fan it foargeande wurd — op foarbetingst dat it in folslein wurd is fansels…
Harrejasses! Moat ik skielk mei de pet yn ‘e hân nei Dauwe ta, tink.
Al of net in komma is it alsa’n neukerij mei…
Ik haw alris opmurken, leau ik, dat stalke Bert wat langer wat mear neuk… eh, komma’s weilit. Juster kaam ik einlings en te’n lêsten ta oan it lêzen fan syn Ventoux.
Hin? Ja, dat hat er tsien jier lyn al skreaun. It foel my opslach op, dat er in fokatyf — om mar eat te neamen — net iens mear troch in komma foarôfgean lit. Doe al net! No moat it net raarder wurde!
Sa hong Sytze my lêsten ek al yn ‘e bek mei syn ‘net in komma foar dat‘.
Nee, hy bedoelde net it (pronomen) relativum dat, nee. Want dat kriget fansels al in komma, as it in útwreidende bysin ynliedt. Nee, hy bedoelde it bynwurd dat.
Dat sit him der mar krekt oan, Sytze, andere ik, sa wiis as in âld, oft him yn de foarôfgeande haadsin in foarriedich ûnder- of foarwerp foardocht of net. Sa’n haadsin kin ommers hiel goed op himsels stean. Nim: It is my dúdlik! Kin Dauwe freegje: Wat is dy dúdlik? Antwurd: Dat ik de trije puntsjes tenei los skriuwe moat. Dus yn de sin ‘It is my dúdlik, dat ik de trije puntsjes tenei los skriuwe moat.’ fyn ik in komma hiel… eh, natuerlik.
It wurdt wat oars fansels, as de haadsin net in foarriedich ûnder- of foarwerp ynhat, bygelyks: Hy sei dat ik my de bek hâlde moat.
Kaam Sytze, sa drûch as in pûn moal, oanstoaien mei in side fan de Taalunie of sokssawat, dêr’t yn stie dat it bynwurd dat yn ‘e regel net in komma foar him kriget: No do wer, heite!
Dat… hold ik my yn myn oersetting Arsène Lupin, ladelichter van eer sa steech as in bouboershynder jit oan myn eigen regel, yn myn resintste oersetting, Lijken op zolder, haw ik belies jûn ûnder it biedwurd: Wat minder komma’s, namste minder neukerij!
Watsei?
Ja, oersettings nei it Hollânsk, ja. Frysk is neffens my út noch yn gjin fraach nei.
Wêrom’t ik stalke Sytze út en troch freegje en proeflês in haadstik? No, twa pear eagen sjugge mear as ien. En it taalfermogen fan Hollanners haw ik it just net tsjûk op — Call me Mr. Meticulous!
Ik stel myn betrouwen leaver op ien fan de lêste Mohikanen.
Recente reacties