Neuke, blinder!

De Frânske taal hat gâns innen en oanen. Dat kin wat betizing jaan bytiden …

Sa hat in âld-kollega, Jan Visscher hiet er, ris yn in slûch stedsje wakker omswalke, op ’e siik nei in plak om te fernachtsjen. ‘Mar leau mar net, dat ik wat fine koe,’ fertelde er my letter, ‘Net dat it net goed oanjûn waard, sa net. Och heare, it stie wittefaak bebuorde: hôtel de ville dy kant út. Mar, hoe at ik ek ried, allegeduerigen kaam ik wer tusken deselde kantoargebouwen út.’

In oare kollega woe in haffeltsje prate mei in man dy’t earne oan ‘e kant siet te fiskjen. ‘Mar leau mar net, dat dy keardel azem joech,’ waard er op ‘en nij poer, ‘dy Frânske omkoal seach my mar wat jangattich oan.’
Wat hiest him dan frege, ju?
‘Oft it wat fange woe fansels: Câchez-vous des pêches?‘
Ik wie slop.
Hiest it juste wurd foar ‘fange’ by de ein, dat is wier, mar dan yn it Ingelsk. Wat skeelt it, wier!? En in canne à pêche is in angel, dat is ek wier. Mar it Frânske tiidwurd câcher betsjut ‘bestopje’ en ‘pêches’ pjisken …
Doe begûn it myn kollega te skimerjen: ‘Oe heden! Haw ik him frege oft er perziken oan it bestopjen wie? Nee, wol?’
Pjisken, ja. Gjin fisk, mar pjisk, hahaha!

Wer in oare, net-ûntsjeppe, âld-kollega – Lois hiet se, komt my no yn ‘t sin, Lois Boomsma – koe gjin sliepen betinke, doe’t se ris yn in Frânsk hotel fernachte. Want der hie net in holkessen west doe’t se op bêd gong. It wie lang om let safierhinne, hja soe by de resepsje om ien freegje, want sa koe it neat wurde. Hja socht ‘kussen’ (tiid- of haadwurd, wat is it ferskeel?) op yn har Nederlânsk-Frânske wurdboekje, kontsjedraaide yn har seksy neglizjee by de treppens del en stie by de wakker ferheard opsjende nachtwacht oan op: Baiser, baiser!
No wie dy man yn ’e oeren dat de klok mar in bytsje slacht, grif wolris besocht fan ûnfoege fantasijen. Mar hy hie sûnder mis jit net sa kreatyf west en betink dat in stomp fan in mokkel mei in geef bonk-, skonk- en bilwurk ûnder har nachtguod, dat koe er sa wol sjen, him nachts oer it mad komme soe en sûnder bûgeminten hjitte: Neuke, neuke!

Dit vind je misschien ook leuk...

6 reacties

  1. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Sliépperigh ig gjin Friesk. Sloegh, sleau en slomjend woll.
    Up ‘e siik ig gjin Friesk. Siekjendeway om te Oernaghting. 2x
    Lân’s ‘t wetter ig gjin Friesk. By ‘t wetter (lân’s) oan ‘e kânt.
    De (Burgh)Wâllen iin A’daam koest Frânske upscrift leare.
    Blonde stoat, ljochte stomp? Boner wörk? Wörd omhaal?
    Fon Bûgen Frjemd. – Freegje wi what mei ‘n dakje der up?
    Roi Pécheur, Sondekening. Pècheur Fisker. Pjiskekweker.
    Perzikoaning Artaxerxes, Cyrus Heare, Darius dairy farm.
    Arth Rigi.CH Avallon, Camelodunum, ExChalyborum Pen.

  2. jangerben schreef:

    Kinst noch in soad fan Dauwe lere.

  3. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Leare skriowt Dauwe mei -ea-, JGM.

  4. tjitske schreef:

    Maar baiser besjut dochs tútsje? 😉

    • Jaap Slager schreef:

      Dat is wier! ‘Kussen’ dus. Mar yn ‘argot’ (= bargoensk) betsjut it neuke en as sadanich wurdt it fan de measte Frânsken ferstien (haw ik noed).