Net sa snoad
Heu Sytze,
Dêr sit my noch wol wat fan yn ‘e holle, Sytze, dat ik ris hackt bin. Mar oft dat Messenger wie – en wat ik doe dien haw en los it op – dat wit ik net mear. It is mei dy dingen sa, ik fiel my bytiden in dinosaurus yn it tredde milennium. Juster gong bygelyks it tillefoan fan Maria. Hja wie nearne te bekennen, dat ik tikke op in grien rûntsje op it skerm fan har snoadfoan om de oprop te beänderjen. Mar it rotding rattele mar troch. Om koart te gean, ik krige it net klear.
Doe’t Maria deryn kaam, frege ik har hoe’t se dat dochs hie wannear’t ik har skilje. Hja lei my út dat ik net tikje moast, mar skowe.
Hawar, sokke dingen!
Mar oarsom is it lyksa. Wy sieten justerjûn nei in fadoprogramma te sjen, Em casa da Amália, dêr’t in jonge fadosjonger yn frege waard in plaat fan har op te setten, fan Amália Rodrigues dus. Dy jonge stie mei dy lp yn ‘e hannen en wist net hoe’t er it ha soe mei dat swarte ding. Hy hie ek noch nea in platenspiler sjoen. Wy wiene slop, kinst begripe.
O, dat komt my no yn ‘t sin. Dat kin ik ek noch wol efkes fertelle foar’t ik mei it iten oan ‘e gong sil.
In jier of fiif lyn song ik wolris in ferske yn op myn iPad, foar myn suster bygelyks dy’t yn it sikehús lei. As ik dy bylden no weromsjuch, tink ik by mysels: Wat lûk ik nuver mei it loftereach. Wat in aaklik gesicht, ju! Wêrom hat net ien my dat ea ferteld?
Dus doe’t ik lêsten wer ris in ferske ynsong, in Spaansk of Brazyljaansk liet – dat wit ik net mear – dat ik yn it Frysk oerset hie, hold ik de tomme op de lins. Doe krige ik as reaksje – fan Dauwe, as it my net mist – ‘Dy fideo docht it net, ju! Mar ik hear wol wat!’
Hahaha!
Mar dat ik sa mei it each lûk ûnder it sjongen (en wierskynlik ek ûnder it praten), komt om’t ik dêr as lytsjonge twa kear oan holpen bin. En dat net ien dêr ea wat fan sein hat, komt fansels om’t se dat seagen as ‘eat wat by Jaap heart.’ Us Nynke ornearre destiids nei de twadde operaasje: ‘Jaap is Jaap net mear!’ Dat, faaks hie ik de eagen better blaublau litte kinnen!
In oar gefolch fan dat tichte each wie dat ik de earste tsjien jier fan myn bestean de holle in bytsje efteroer hold, mei’t ik dochs noch in bytsje ûnder dat hingjende eachlid troch sjen koe. Dat is sa’t skynt letter sa bleaun. Dat myn holle wat efteroer hinget, bedoel ik, by it rinnen en sawathinne.
‘Wat in arrogante fint!’ sizze minsken dy’t my net kenne.
Dat ik sels nea sjoen haw dat ik sa mei it each lûk, komt, tink, om’t ik seldom praat of sjong as ik foar de spegel stean. Oars haw ik dêr ek net in ferklearring foar.
Hoe kom ik hjir no op? Wat in geëamel, net?
Dêrom net, ast myn stikje yn It Nijs hjoed lêzen hast, hast wol sjoen, tink, dat de riddaksje noch alles ‘ferbetteret’ wat neffens har ferkeard is. Sa wurdt ‘prinsepeal’ (= yn it foarste plak) ‘prinsipieel’ (wat neffens my wat oars is).
Mar, toe mar! It komt skielk noch safier dat se myn ‘risselwearje’ feroarje yn ‘resolvearje’. Of sil dat wat tafalle, tinkt dij?
NDF
Jaap
De tiid sil it leare …