Net sa raar!

Hjirre sizze de lju gauris tsjininoar, as se oanjaan wolle dat it libben yn in skeet en in sucht foarby is: A vida é dois dias (It libben is twa dagen)! Dêr’t de oar ornaris drûchwei op anderet: Sim, e um deles já passou (Jawis, en ien dêrfan ha wy al hân)!
De tiid hâldt gjin skoft, sizze Friezen witwêr op ’e wrâld. (No ja, ‘witwêr op ’e wrâld’? Utsein yn Fryslân fansels; dêr sizze se hjoed-de-dei nei alle tinzen: De tijd neemt geen lunchpauze.)
De Romeinen seine: Carpe diem (Nim de dei mei)!
En sa binne wy sa goed as wer werom by it Portugeeske sechje…

It komt allegearre op itselde del: Wy moatte fan it libben genietsje, want wy kinne ús tiid mar ien kear brûke. Wy witte – dat is sa – op ’e dei en oere omt ôf wannear’t dy yngien is, mar wy witte net hoefolle ús jit beskern is, want de dea hâldt gjin almenak.
Hawar, as wy ús dêr yn alle talen yn fine kinne, wol ien fan jimme my dan ris út ’e doeken dwaan wêrom’t withoefolle fan ús de koarte tiid dy’t ús tabedield is, fergrieme mei hate en eangst foar ús evenminsken oer?
Is dat om’t wy mei ús terms tinke en alles mar ympulsyf slokke wat ús tefoar holden wurdt?
Of is it om’t demagogen sokke negative fielings folle makliker omheech witte te poatterjen as positive, lykas respekt foar en solidêrens mei inoar?

Hoe moat in joad yn Dútslân him nei 1933 field hawwe? Hy wist ommers dat twa fan de fiif minsken dy’t er op ’e strjitte tsjinkaam, op Hitler stimd hiene.
Hoe moat in patriot yn Ruslân him fiele, dy’t wit dat hast njoggen fan de tsien lânslju dut jier op Pûtin – neffens Woodward de nije Hitler – stimd hawwe?
En hoe moat in liberaal yn Amearika him fiele, dy’t wit dat – as men de tuskentiidske mjittings leauwe mei – de helte fan ’e lju dy’t er bûtendoar tsjin it liif rint, takom moanne op Trump – neffens ûnderskreaune in Kremlin-gremlin – stimt?

It goede nijs is dat de lju mei ynderlike beskaving, dy’t de kop derby hâlde en yn har dwaan en litten solidêr binne mei lju dy’t it net meiwierret yn it libben en yn ’e lytse loege sitte, it úteinlik wol winne sille.
Dat is logysk. Net ien fan ús wit ommers wannear’t de ein fan ’e twadde dei – om mar efkes by it Portugeeske byld te bliuwen – besyld is. Sa’t The Hollies it yn harren klassiker sa moai sizze… uh, sjonge: While we’re on our way to there, why not share?

It minne nijs is dat wy dat spitigernôch net mear belibje sille.

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. oktober 24, 2024

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]