Nei Tins

Ik haw ris yn Berne west. It beroerde is, it lit jin net wer los. It wie dêre krektlyk as yn Baarnd.

Dêrfoaroer wie it dêr noch altyd better as yn Greven. Nee, yn Greven lume it my net. Dan kom ik leaver op ´e Dree. Dêrsa giet it altyd foar it lapke. Ik mei my oars ek wol sjen yn Haaie — dêr giet it ek gauris mei geande weinen. En yn Ham mei ik stomme graach it anker útsmite. Wat leit it dêr smout!
Mar ik foel in kear raar yn Lij. Knibbel stikken, út Blet en yn Drûge. En as men oer Halen yn Farkt komt, kin it twa kanten út — op Wouterje oan of op Smoke.

Hin? It is net better yn Kiel, want dêr komt men net wer wei?
Dy slach is dines. Wêr wolst him ha?

Dêrom net, doe´t ik ris op fekânsje yn Slach wie, hie ik it wakker goed fan iten en drinken. Mar ik waard dêr op ´t lêst sljucht fan it bomalarm. Nee, dan giet dizze jonge leaver nei Bern.

Watsei?
Nee, dat wie yn Berne. Ja, ik sei ommers al, it lit jin net wer los, haha. Mar no wie ik nei Bern, yn Switserlân, mei myn twadde wiif, sjuch. En better nei Bern as nei Drippe, want dêr hat men komselden kâns fan plak. Dan mar op Drachten oan — dêr is altyd wat te ferstriken. Oars ek wol yn Dustry, hear, of yn Tinsyf. Wat grutter beslach wat better, no!

Mar oe heden, wêr sil ik noris hinne?
Nei Furtsjefinne? Wêrsanne?
Flean nei de moanne?

Dit vind je misschien ook leuk...

2 reacties

  1. M.J. de Haan (Jappie) schreef:

    😂Mut dit net up ’n freeske side, juh … ?

    • Jaap Slager schreef:

      It wie wat boarterij, Jappie. Mar doe’t ik myn nocht hie en tebeklies wat ik skreaun hie, fûn ik it ynienen in bytsje flau.