Nei in misse komt in wisse

Us âldste suster kaam op in kear mei it pak thús. Hja rûn nei de slachterij en sei tsjin ús heit:
– Heit, ik bin swier fan in troude man fan sechstich.
Us heit sette mei in klap it fleismes yn it hakblok en balte:
– Ik fermoardzje de lijert! Ik doch him kroandea!
Hja andere sa drûch as in pûn moal:
– Dat kin dan moarntejûn fuort wêze. Want dan komt er del om mei heit te redendielen.
Us heit âle it út:
– Ik sil him in mek foar de harsens jaan dat de eagen him op ‘e kont sitte te kaartspyljen … ik brek him alle bonken … ik slaan him moars!!

De dieder kaam del, lei ús heit in hân op it skouder en sei:
– Hark ris hjir, bêste man! Jo dochter is swier fan my. Dat wie de bedoeling oars net, mar it bern is der no, it moat ret wurde. Jo hoege oer jo dochter net yn te sitten, want hja kriget de bocht om ‘e earmtakke. Josels kinne ek ophâlde fan wurkjen at jo dat wolle, want jo en jo sydsulver krije elts in miljoen fan my. En jim kinne myn strânhûs yn ‘e Kariben krije at jim dat wat taliket. It bern kriget fuort twa miljoen op syn sparbankboekje en kin letter myn affearen oernimme … Ik wit allinnich noch net wat ik dwaan sil as it in miskream wurdt.
Us heit wist dêr wol smeet op, wie fuortendaliks út ‘e rie:
– Dan naaist har gewoan nochris, leave jonge!


Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. D.f.d.Meulen schreef:

    Ik slagh(tsje) him Koroané-dea.’ Mors-dea.’
    My’n miljoenen en strânhuus up ‘e Frieske
    Archipel have eak harren Virtuten dien, ja.
    My’n ex hat yét ’n slagh om ‘e eärm-takke.
    O’er wiven & bairn sill Ik it now nèt havve.