Negatyf

Ik haw hierren op ’e knikkert, likefolle as in kikkert
En de flimeskerpe blik fan in skilige âld sik
Boppedat bin ik sa staf as in Ynjeske sjiraf
En as ik my fersprek, keunsttosk dwers yn ’e bek

Myn mobyl is in toilet, mei’t ik pisje nei ferlet
‘k Mei beslist net yn ’e hoksen, want sa skuor ik út ’e boksen
En dan knechtsje my de knieren, datst it hearre kinst fan fieren
Soks soe komme fan ’e jicht, fan artroaze en myn wicht

Ien ding is lykwols posityf,
Ik bin noch jimmer… negatyf 🙂

Dit vind je misschien ook leuk...

2 reacties

  1. D.f.d.Meulen schreef:

    ‘n Africaanske èn Yn-iinjeske oaljefânt.
    Sjiraffe inkeld iin Africa, nèt iin Yn-iinje.
    Verb, tiidwörd skuorre, sa skuor ik uut.

  2. Jaap Slager schreef:

    Hast alwer gelyk, Dauwe. Ik hie earst ek “want sa skuor ik”. Mar doe seach ik earne ‘skuorje’ stean. Ik tocht: “Hee, dan ha wy it thús altyd ferkeard sein!” en doe haw ik it hurd feroare – te hurd dus 🙂 Ik sil it hurd wer werom feroarje. Tige tank!
    Kinst sels wol betinke, hoe staf in bist is dat net iens bestiet 😉 Nee ju, ‘East-Ynjeske Daf’ koe net, fanwegen it metrum. En doe bleau ik mei in ‘Ynjeske sjiraf’ sitten. Dichterlike frijens, Dauwe!