Nederlânske talen

“Nederlands, als ‘t eem kan!”

Hearde ik dêr in Grinslânske tongslach? ‘k Hie Frysk tsjin de man praat. No, as dat gjin Nederlânsk is, dan wit ik it net mear — offisjele rykstaal, nota bene.
Mar goed, ik haw langernôch yn Grins omslein en rêd my dêr ek wol mei. Dat ik gong oer op it Grinslânsk.

“Nederlands, als ‘t eem kan!”

Wat woe dy keardel? Limboarchsk? Nedersaksysk faaks? Mar hokker dialekt fan it Nedersaksysk dan? Oertsjongersk, Drintsk, Twintsk, Geldersk of wat? Of woed er hawwe dat ik Papiamintsk mei him prate? Mear talen binne der neffens my net dy’t yn De Nederlannen sprutsen wurde. Dochs?
Wachtsje ris! Der is in strypke lân by de kust lâns, dêr’t se op in stuit fan it Frysk oerstapt binne op farianten — it Flaamsk, it Sieusk of it Hollânsk. Dy earste twa haw ik net op myn fioele, haw ik noed, mar it Hollânsk haw ik doedestiids op skoalle in bytsje fan meikrige. Dêr is grif wol wat fan hingjen bleaun. Lit ús dat mar ris besykje …

No, samar klear!

Mar wêrom seit sa’n man soks fuort net, no, yn hokker taal oft er redendiele wol? Is soks net nuver?
Frjemde sûchsnijers, dy Hollanners!

Dit vind je misschien ook leuk...

2 reacties

  1. D.f.d.Meulen schreef:

    Ang-er iin Duutsk, Dutch Enkhuzen, Engskiede,
    HEnk AngenendT Can. ‘n Stripe lawn by de see.
    Angelen – German Bight, Ingellawn, East Anglia.
    Eem = even iin Grenenzer & East-Friesk.
    Surinammelist Sranan Tongue-slag-gen.
    Sus scrofa, Suïnen, Sûch-, Sûge-snij’ers?
    Barge-mottefocker! WBearesnije, snien.

  1. oktober 14, 2021

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]