Nederfrysk
Eale stalke,
It is in ferlerne striid, haw ik noed, de striid foar it Frysk
Der binne witte folle striders foar it Frysk, dat is sa, mar hja stride fral… tsjininoar. It útgongspunt binne se it wol oer iens, sa net, mar it hoe en it het… oe heden! As ien fan harren ropt “Lit ús it ris dus en sa besykje!”, dan wurdt der net mei sân pear earen harke en dêrnei meiinoar redendield oant der in mandélich stânpunt is… och heden, nee! Foar´t de útsteller goed en wol útpraat is, dûke de striders al yn ´e rinfuorge fan it eigen gelyk.
En guon nuvere skutters dûke yn har eigen mangat en sjitte 360 graden yn it rûn op alles wat him ferweecht (en fakenfolle op alles wat him net ferweecht).
Rinfuorgewrâld…
Dat weidûken yn in rinfuorge is in pandemy dy´t út Hollân oerwaaid is, wol my oan; en dy hawwe it op har bar wer út Amearika of witwêr wei. It kin ek wêze dat Marten Luther de geastlike(!) heit fan dy trend west hat – dêr wol ik mis mei wêze.
Wêr´t it op delkomt is dat minsken it op it heden o sa noflik fine en hâld ien of mear lyksinnigen yn ´e smûksmoutens fan sa´n fuorge stiif by de kul beet…
Watsei? De “nuvere skutters” dy´t lykme-allinne yn in mangat sitte?
Ja, dy hawwe harsels te pakken, no.
Fryske frijens…
No sit soks ek wol wat yn ´e lânaard, haw ik noed. Jin in eigen miening foarmje, bedoel ik, en dêr steech en dreech oan fêsthâlde.
It ferskeel mei de âlde Friezen is, dat hja net sa´n ferlet hiene fan flaaibekken en kontkrûpers – sa klofterich en selskipswiet wiene hja net. Hja hiene har eigen miening en… klear! Besocht har mar ris te oarsomjen – it wie ienfâldiger en wrot in bouboerhynder út it steed.
It mei goed besjoen in wûnder hjitte dat de âlde Friezen ea in fjildslach yn har foardiel besljuchte hawwe. Dat ús skiednis oars bewiist, sil perfoarst kommen wêze om´t it doedestiids mei de fijân meast liif-oan-lea gefjuchten wiene – ien tsjin ien. “O, do woest my myn frijens ûnttake? Do smycht! Kom ris harren, dan kinst in wan op it harnas krije!”
Splintergroepkes
Mar, no binne der in stikmannich fan dy kliemske krouskes dy´t har – elts yn ´e lijte fan it eigen fuorchje – wat krúslings sitte te bestowen. En ûnderwylst giet yn ´e grutte wrâld ús skoane sprake nei beppe kelder. De Haach skuort him grif de bûsen út by safolle driuw ta selsferneatiging…
De moedfearren net hingje litte, seisto?
Ik wit net mear wa, mar der wie immen dy´t ornearre dat optimisten yn grûn en wêzen pessimisten binne dy´t net witte hoe let oft it is.
Nederfrysk
Hoe´t ik der sa by kom dat de striid foar it Frysk in ferlerne striid is?
Om´t ik oannimme mei, dat men dyjingen dy´t it Frysk tagedien binne, fral treffe kin op Fryske Facebook-sides.
Retoaryske fraach: Hasto wolris sjoen hokker taal dêr brûkt wurdt?
Meast Hollânsk, ju! En as it no geef Hollânsk wie, dan soe men it faaks yn ´e jamkste fâlde slaan kinne. Mar louloene… it is gjin Hollânsk en it is gjin Frysk. Men kin it noch it bêste oantsjutte mei Nederfrysk – Hollânsk mei in nuvere stavering.
Sa oerdreaun
Mar no komt it… se binne fuort op ien ein as men der wat fan seit.
Neat net “`t Is ommers ek sa!” of “Tankjowol!” of “Wer wat leard!” of sokssawat, want sa leit it lân net. Men hat har ûnwollens ta ûnfreon makke. Dat is, as it treft! Want meast wurdt men fuort fan har blokkearre, hahaha.
En de inkeling dy´t teminsten noch besiket en skriuw geef Frysk, kriget op it festke spuid: “Wat overdreven, ju!”
Kerstferhaal
Mar om myn skriuwen mei in positive noat te besluten, noch in retoaryske fraach: Wêrom hawwe Gysbert Japiks en Waling-om, om in pear grutte nammen te neamen, sa wichtich west foar it Frysk? Om´t se safolle yn it Frysk út ´e wei set hawwe fansels!
Dêr moast ik oan tinke doe´t ik fan ´e wike it ferhaal fan Kerst lies, dêr´t er mei safolle wurden yn skriuwt: Freegje net wat in oar dwaan kin foar it Frysk, mar freegje watst sels dwaan kinst!
(No haw ik de ferneamde wurden fan JFK al mear ferhaspele as de bedoeling wie, mar dat is myn skuld – net dy fan Kerst. It moat faaks wat mear de kant oer fan: Freegje net wat it Frysk foar dij wêze kin, mar freegje watsto foar it Frysk wêze kinst! Hawar, dat sil ik noch efkes yn my omgean litte.)
Kerstliet
Dêr hat er al wat by de ein, tocht ik doe. Wêrom soene wy ús mei ús allen ôfhinklik meitsjen bliuwe fan lju dy´t it de barrels skele kin oft it Frysk derby heart… of earstdeis stjert? Wat soe soks opsmite kinne? Wat hat soks opsmiten oant no ta – oars as moaie wurden, bedoel ik? It is ommers mei sizzen net te dwaan. Of, sa´t Kerst it ûnder wurden bringt, mei: “Te sizzen of te skriuwen dat der wat barre moat”. En in stikje fierder: “It ûnderwiis moat ferplichtsjender wurde, der moatte regelingen komme foar dit en foar dat. No is dat foar in part fansels ek wol sa, mar wy kinne ek sels as yndividuen folle mear, folle mear as in soad minsken tinke.” Hy komt sels mei it foarbyld fan in liettekst dy´t er optocht hat, mei de applikaasje Moviemaker op in filmklipke ynsjonge litten hat en op Youtube set.
Sin en wille kinne in bulte tille
Ik bin fan betinken dat Kerst it lek fûn hat en dat it oer sa´n soarte fan latte naaid wurde moat. En mei´t ik soks sis, sille der grif guon yn harren fuorge dûke en úthâlde “´t is oars”, mar dêr kin ik net mei sitte. Wat oaren fine, moatte se sels witte. Wy kinne op it lêst net mear dwaan as ús bêst. En fierders mar hoopje dat der wat fan komt. “In lyts sparkje komt wolris in grut fjoer fan” skreau ik lêstendeis oan in ûnderwiiskrêft dy´t gjin ljocht mear seach wat de takomst fan it Frysk oanbelanget. Neat mear fan him heard, dat it sparkje draaide in ferkeard gat yn, tink. Ja, as it net oerslacht, dan mar net. Soks soe net de earste kear wêze, tsjûge it refrein fan in liet dat my troch de holle sjongt, fan in Amerikaanske plattelânssjonger, dêr´t my de namme fan ûntkommen is:
But tonight I am down to the wire,
I´ve been striking these matches in vain,
There´s a whole lot of smoke… but no fire,
´cause you´ve got a heartful of rain.
NDF
Jaap
Fiif (!) kear “rinfuorge” (4 kear en 1kear as “fuorchje”)brúke yn 1(!)
stikje, makket it net folle dúdliker om te lêzen, tinkt my. It steurt my yn elts gefal.
Fierders is it my net krekt wis, of’t it bedoeld is om Kerst wat ôf te kreakjen of oars wat
O, do woest my myn frijens ûnttake? Do smycht! Kom ris harren, dan kinst in wan op it harnas krije! Of meitsje datst fuortkomst, jangat, tebek yn dyn mangat! 😉