Neat dat dyn leafde net ophelpe kin

Foar ús Peter, de bêste rockdrummer fan it lân, en syn Jannie
[oersetting fan Nothing a little love won’t cure fan Collin Raye]

Man, it wie sa’n dei dat ik neat goed doch
Wat ik ek beetkrige rûn by de fingers omt troch
Hja wâden oer my hinne mei har hoazzen en skuon
En wurd ik earne siik fan, is it dêre wol fan
Mar al betearde mis dêr’t ik oars sa goed yn bin
It is neat dat dyn leafde net ophelpe kin

Want mei de earms om dy hinn’ en de rook fan dyn hier
ferjit ik al myn soargen, is d’ ellinde withoefier
Slút de blinen, lit de wrâld moai bûtendoar
en bring fannijs ta libben wat my hjoed benei ferstoar

Dy mei de grouste earmtakken steane wer foaroan
Dat de lju fan kaliber ha net iens in kâns hân
De baas dy’t ik haw, hâldt my steech yn ’t each
Hy hat syn fêste plak hjir boppe-op myn rêch
Mar al sit ik yn ’t helter mei’t ik net te hurd rin
It is neat dat dyn leafde net ophelpe kin

Want mei de earms om dy hinn’ en de rook fan dyn hier
ferjit ik al myn soargen, is d’ ellinde withoefier
Slút de blinen, lit de wrâld moai bûtendoar
en bring fannijs ta libben wat my hjoed benei ferstoar

Man, ’t wie sa’n dei dêr’t ik sûnder kind hie
Alles glied my út ’e hannen, ‘k sette neat út ’t strie
En men mei net slaan ek al kriget men in wraam
Dat as de put derút is, moat ik hurd wer nei de faam
Want mei dyn earms om my hinne, al bin ik noch sa min
Der is neat dat dyn leafde net ophelpe kin

Want mei de earms om dy hinn’ en de rook fan dyn hier
ferjit ik al myn soargen, is d’ ellinde withoefier
Slút de blinen, lit de wrâld moai bûtendoar
en bring fannijs ta libben wat my hjoed benei ferstoar

Dit vind je misschien ook leuk...

8 reacties

  1. Sytze T. Hiemstra schreef:

    Treflik en treffend, NDF

    • Jaap Slager schreef:

      Tige tank! Mar ik haw noed do bist de iennichste. Of do bist de lêste rocker fan Fryslân fansels. Sels ús Peter syn iennichste kommintaar wie: “Wy koene it nûmer net.” Hahaha! Gjin ferlet fan Fryske songteksten. Jout neat. Ik haw no efkes sa’n rite. Sil skielk wol wer oergean. Bygelyks hoenear’t ik derefter bin wat ik net goed doch. De Ingelske teksten haw ik yn ‘e holle, sjuch, en dan skriuw ik yn it Frysk op wat der yn my opkomt. Mar dan moat winliken it wurk noch begjinne, it riddigearjen en skrassen en sawathinne. Mar dêr nim ik noch net de tiid foar. Dat moat fansels al as it goed sil. Mar toe mar, net ien – útsein Sytze – dy’t dernei omsjucht. Dat, sa slim is it net.
      NDF

  2. Sytze T. Hiemstra schreef:

    Ik begryp it. Mar steech folhâlde. Guon kinne ek hiel goed yn NF. NDF

    • Jaap Slager schreef:

      Ja, wat oars?
      Dus it reint en tongeret yn De Haach? Wie dêrom de ynternetferbining hjoed fuort? Dêrom net, ik kin it dy noch sterker fertelle. Earjuster wie der sa’t skynt in natoerbrantsje yn Frankryk. En dat wie fan dy gefolgen dat gâns Ibearje (= Spanje + Portegal) in oere lang sûnder stroom siet. It alarmnûmer wurke ek net.
      De wrâld hinget net oan in spiker, sizze se dan. ‘k Wit net!

  3. Sytze T. Hiemstra schreef:

    Ja, ik haw myn noed ek! Hjoed wer in reinige dei yn De Haach. En myn laptop wurket hjir ek net nei ’t sin. Dat makket it sin dus ek net better … NDF

  4. Sytze T. Hiemstra schreef:

    Ik hie reagearre, mar dat is grif ek ferdwûn. Wêr’t it hinne moat? En myn laptop wurket net goed … Dochs NDF

    • Jaap Slager schreef:

      Nee, it wie net ferdwûn. Mar ik moat it earst besjen. Men kriget safolle ûnpost oer de bealch, fral by stikjes dy’t in soad lêzen wurde.
      En moarns fan seis oant tolve (in oere ferskeel mei de Nederlannen) bin ik bûtendoar dwaande en klanderje it hûs wat op, sjuch. Middeis, hoenear’t de temperatuer bûtendoar boppe de tritich út giet, sit ik gauris mei finsters en lûken ta efter de kompjûter.

  5. Sytze T. Hiemstra schreef:

    Moai sa, NDF.