‘n Man is syn wurd

[oersetting fan I’m a man of my word fan Collin Raye syn album Extremes, neffens my ien fan de alderbalderbêste albums ea]

‘n Man is syn wurd
‘k Mien wat ik sis
‘k Stean by myn wurd
It is sa’t it is
As men eat loofd hat
Oan ien dy’t wei is
Sa kin ’t wêze dat
Ivich wat lang is

‘n Man is syn wurd
Dat feroaret men net
‘k Unthiet dy myn trou
En wat set is is set
Ju, sykje in oar
Se sizz’ ik bin frij
Mar ik haw it hert net
Want ‘k joech minent oan dij

‘k Joech dy myn wurd
Unthiet dy myn trou
En dat is
Yn kalk en semint
Der is al safolle
Dat neat mear betsjut
Mar do witst alteast
‘k Bin in man fan myn wurd

‘n Man is syn wurd
Myn lot is beslist
Myn wurd in blokhûs
No’tsto der net bist
Dat ik sil nei myn grêf
Fan nimmen oanmiigd
Mar bytiden woe ’k wol
Ik hie tsjin dy liigd

‘k Joech dy myn wurd
Unthiet dy myn trou
En dat is
Yn kalk en semint
Der is al safolle
Dat neat mear betsjut
Mar do witst alteast
‘k Bin in man fan myn wurd

Myn leafde is ivich
´k Bin in man fan myn wurd

Dit vind je misschien ook leuk...

4 reacties

  1. Sytze T. Hiemstra schreef:

    Treflik! Soe ek ris yn NF kinne.

  2. Jaap Slager schreef:

    Tank!
    Ja, ik núndere dit ferske doe’t ik juster ier en betiid yn ‘e auto op geande wei wie nei Villa Nueva de los Castillejos (Maria is erflik slop as ik dêr ‘de los Cojones’ fan meitsje) foar in pear sekfollen kalk en semint. Doe hie ik fuort yn ‘e holle hoe’t ik dat yn it Frysk op papier hawwe woe. Doe’t ik justerjûn foar it jûnsmiel in healoerke oer hie, wie it ek samar klear. Dat sil wol komme om’t de talen net wanlyk binne, tink. Ik haw niiskrekt noch al in wurdsje feroare.
    Ik sil aansens fan Dauwe wol op it festje spuid krije dat it wer nearne nei liket 😉

  3. D.f.d.Meulen schreef:

    Nuunderje, omt de talen nèt wanlyk(!) binne.
    Juh, (!) siikje ‘n oar, Ik miss âlle iinterpunksje.
    Dauwe makket Complimint mei apostrof ‘n.
    Allahmaghtig Hallel-û-Jahweh Jove-is JuPiter.