’n Bibel en ’n buskaart

[oersetting fan A Bible and a bus ticket home fan Collin Raye]

Mem har triennen rûg’len witwêr
Heit syn hân joech gjin bod
Lang om let gong ik de bus yn
Achttjin en och sa’n langst om fuort

‘k Naam in keammerke op ’t Rokin
Al wat ik hie yn myn reissek
Dêr fûn ik ’t briefke dat mem my skreaun hie
En in bibel en in buskaart tebek

(’t Sei:)
’t Ien’ bringt dy wêr’tsto hinne wolst
Ast it efkes net mear witst
En ’t oar‘ bringt dy werom, soan,
Ast it lok dêr net berinst
Fljuchst mei eigen fearren no
Hjir by ús wiest nea eat brek
Wit, wy binne ninter fierder  
As in bibel en in buskaart tebek

De jierren kamen, gongen en namen
Myn dreamen, ’t lok my net tagedien
Dat moarn sil ik wer op hûs ta
En lis blommen op har stien
Ik kin har suver roppen hearre:
Soan, by ús hast nea gjin brek
Wit, do bist oars neat fanneden
As in bibel en in buskaart tebek

(’t Sei:)
’t Ien’ bringt dy wêr’tsto hinne wolst
Ast it efkes net mear witst
En ’t oar‘ bringt dy wer werom, soan,
Ast it lok dêr net berinst
Fljuchst mei eigen fearren no
Hjir by ús wiest nea eat brek
Unthâld, wy binne ninter fierder  
As in bibel en in buskaart tebek

Dit vind je misschien ook leuk...

2 reacties

  1. Sytze T. Hiemstra schreef:

    Wer prachtich oerset!

    • Jaap Slager schreef:

      Tige tank!
      Ik hie earst ‘buskaart nei hûs ta’, mar dat ûnbeklamme ’ta’ wie my yn ‘e wei. Doe besocht ik it mei ‘buskaart werom’. Dat sil neffens Dauwe wol krekter wêze, mar ik fûn it net moai. Dat, toe mar, Dauwe moat mar op in efterstefoaren plak yn ‘e bus sitten gean, hear. Sa bin ik dêrmei.