myn wiif-my wife-mein Weib

Bist hjir altyd wolkom, leave
Fynst by my in harkjend ear
Wêr’t ik dan ek mei dwaande bin
Dat komt wol in oare kear

Bist hjir altyd wolkom, leave
Wêr oft ik hjoed ek hinne fear
dêr haw ik just al west
No bin ik ien en al ear

Ûnderbrek my en
fertel my dyn stoarje
Wat setsto út it stee
Wat wie hjoed dyn gloarje
Wat is hjoed dyn trofee

Alle tiid fan ‘e wrâld
foar dij, alle tiid fan ‘e wrâld
nim ik foar dij, alle tiid fan ‘e wrâld

Der wie in tiid dat ik ornearre
dat myn wurk sa wichtich wie
dat as ik tydlik ophold
de wrâld net trochdraaid hie

En do kaamst by my en pratest
do pratest mei’t ik harkje soe
Lang om let holdst dêrmei op
sadat ik dy net mear koe

Hjoed is alles wat ik doch
yn myn eagen tige betreklik
Ik ûnderbrek it foar in tút
Alles fan dij fyn ik besteklik
Dêr lûk ik jerne tiid foar út

Alle tiid fan ‘e wrâld
foar dij, alle tiid fan ‘e wrâld
nim ik foar dij, alle tiid fan ‘e wrâld

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. Jaap Slager schreef:

    Tank, Dauwe. Witst wat it is? As ik in oerke oan it pielen west haw, haw ik ynienen myn nocht. Dêrom sil it ek nea wat wurde.