‘Myn klok- en hammerspul net, blinder!’
Nee, jonge, dy link wurket net, of teminsten ik krij de melding: ‘Sorry, de pagina die u zoekt kunnen wij niet weergeven.’
Jout neat, ju. Ik haw it artikel ommers al lêzen. En dêr giet it om.
Wat FB oanbelanget, hast folslein gelyk. Lit dat mar moai in sletten boek bliuwe. It is meast argewaasje. It hjit in ‘sosjaal’ medium te wêzen, mar it wurket neffens my allinne mar polarisaasje yn ‘e hân. De lju krûpe it leafst wat byinoar sa’t it liket, yn lytse keppeltsjes mei soartgenoaten dy’t oeral krekt gelyk oer tinke, of teminsten it grutste lid fuort gelyk jouwe as er bê! ropt.
As ik-sei-de-gek by fersin my de troanje ris sjen lit yn sa’n selsbefredigingsgroepke, wurket dat as kneppels ûnder de hinnen. Dat ik begryp der sa’t it skynt noch net folle fan, fan dat hiele sosjale barren net. It sil him der wol oan sitte, tink, dat ik fan natuere net sa sosjaal oanlein bin.
Ik haw al wol foar de fernullen krige dat it it feilichste is om in foto fan in bakt aaike of fan in board brune beannen te meitsjen en dy op FB te setten. Want dan kriget men likes (= tûmkes) by de roes. In stalke dy’t myn stikjes graach lêst, hat al withoefolle fan my op FB setten en noch nea of te ninter in like krige. Moai, net?
Dêrom net, dizze jonge hat ek al ris besocht en slút dat boek, mar doe diene in soad oare … eh, applikaasjes dêr’t ik noch al ferlet fan hie, it ynienen ek net mear. Wat in gesoademiter! Dat it wie de baas en slaan it boek mar gau wer op en sjuch der fierders sa min as it mar wat kin nei om. Want men wurdt der beslist net better fan!
Wat oars …
Ik kom noch geregeld yn ’t apteek … eh, letterlik en figuerlik … mar dat is hjir yn Mértola. Hoe moat ik my dat by jim foarstelle? Krije jim yn ‘e Nederlannen tsjintwurdich de fraach foarlein: ‘Wolle jo in Fryske bysluter by dut medikamint ha, of in Hollânske?’? Of sitte der fuort twa tearbledsjes by – ien yn it Hollânsk en ien yn it Frysk?
Ik haw it ek al oan ien yn Fryslân frege, mar dy hat myn fraach sa’t skynt net goed begrepen (of ik syn antwurd net).
Wol moai, fyn ik, dat genêsmiddelfabrikanten dêrom freegje – om in Fryske oersetting, bedoel ik.
Ik sjuch dêr likewol wakker nij by op, moat ik bekenne. Ik freegje altyd even oan Berlyn (dêr’t ik sokke opdrachten wei krij): ‘Binne jim der wis fan dat de opdrachtjouwer Westerlauwersk Frysk bedoelt?’ Ik bedoel … East-Fryslân leit wat mear yn ‘e reden fan Berlyn út besjoen, is it net sa? Mar, nee, it giet wol deeglik om ús memmetaal. In moai stik bûter yn ‘e brij foar it fuortbestean fan de Fryske taal yn ‘e Nederlannen, liket my sa ta.
Wat oars …
Kenne jim dat by jim ek, dat op it tillefyzjenijs it gesicht fan immen ûnwerkenber makke wurdt? Dat dogge se hjir yn Portegal om it hurtsje, hawwe jim ôfrûne moanne grif wol sjoen. Se dogge dat fral en benammen by lju dy’t sa skuldich binne as de moard. Dat it komt noch safier, tink, dat se it gesicht fan ús premier skielk ûnwerkenber meitsje of alle gesichten yn it parlemint.
Mar dêr giet it no net om. Ik kom hjirop, om’t wy krekt in rippertaazje seagen oer de ‘vaca algarvia’, de ko dy’t oarspronklik allinne yn ‘e Algarve foarkaam en dy’t no troch de wei fan keunstmjittige ynsimminaasje wer op kommendewei is.
Sa’n ’toiro algarvio’ kaam mei syn hiele hear en fear yn byld, mar … syn âlde diel wie ûnwerkenber makke … wylst de froulju yn folle gloarje (en mei it folle jaar) yn byld brocht waarden.
Ik wie slop!
Dy bolle sels ek, tink. Oars soe der net tsjin dy kameraploech sein hawwe: ‘Jimme meie my wol filmje, mar … myn wettermûntsje net, blinder!’
Leafs,
Jaap en Maria
Recente reacties