Myn kamp
Men kriget ûnwollens it idee fan en ta, dat as men Frysk prate wol, men mar yn it risservaat bliuwe moat. Dat wurdt faaks net lûdop sein, mar it belied liket der al op oan te stjoeren.
Dêrom is der op Facebook ek in lyts risservaat dêr’t fan lju dy’t dat wolle mei-inoar redendield wurde kin … yn ús memmetaal. Tink derom ‘dy’t dat wolle’, want oare talen binne ek wolkom – ferdraachsumens is it biedwurd.
Mar it moaist is fansels at men besiket jin yn it Frysk út te drukken.
Flaters?
Dat jout neat, ju. Der is jimmer wol ien dy’t jin mei houtskoal en kryt útlizze wol, wat geef Frysk is en wat net. ‘Wy libje en leare’ plichtsje se te sizzen yn ien fan de talen dy’t ek wolkom binne yn dat risservaat.
Mar dy ferdraachsumens, dy’t Friezen leau ik natuereigen is, wurket sa’t skynt mar ien kant út. Want okkerwyks skriuwde ien fan de bazen út it eigen kamp dat soks net mear mei – immen wize op wat geef Frysk is. Wa’t dat dochs docht, wurdt sûnder pardon eliminearre …
Hin?
Nee, it stikje wie yn it Hollânsk, leau ik – de taal fan oarder. Ik wit it net mear. Ik kin it ek net weromfine, want ik haw der winliks gjin doel oer – oer dat hiele Facebook net. Mar it komt hjirop del, Sytze: opsoademiterje mei dyn Taalspegel!
Nee, nee, neat net ‘út goederbêstens’! It mei net mear! Klear!
It hat der leau ik mei te krijen dat in protte lju dêr langer net mear oer kin – oer krityk.
Nee, nee, neat net ‘opbouwend bedoeld’! Men is daliks op ien ein tsjintwurdich. It komt noch sa fier dat in ûnderwiiskrêft, dy’t in bern korrizjearret, fuortendaliks dûbeldgear teard wurdt en bliid wêze mei as er (of hja) it hachje der net by ynsjit.
Watte? It komt noch safier dat mei in jier of 50 de kampbazen sizze: ‘Alleen in het Hollands, blinder! En alleen in correct Hollands, anders wordt u geëlimineerd … (of is het nou “word u”? Hè? Nou, omdat “u” tegenwoordig toch als 2de persoon behandeld word … eh, wordt?)’ Ensafuorthinne!
Recente reacties