Myn fuotstap yn dyn hert
At ik de earste bin dy’t stjert
Wês net lang bitter yn dyn hert
Wês oprjucht, mar behein dyn utering fan rouwe
Ik bin wier net wei, dêr kinst op fertrouwe
Want berte en dea hearre by it libben
Dy’t stoarn is libbet troch yn freonen en sibben
En al wat wy tegearre meimakke hawwe,
De riten fan lok, fan tsjinstuit en fertriet
Drage by ta it lûd fan ús ynlik leafdesliet
Dingen dy’t ús ferromje, benearje of meitsje bliid
De earste snie of oankundiging fan ‘e maitiid
Us wurdleaze leafde yn loaits en gebeart
It is in spultsje
Fan jaan en fan nimmen,
Dat binne gjin dingen dy’t fergean
Dat binne dingen dy’t ivich bestean
Hja binne duorsumer as stien,
Want hurde balstien leit alsa bleat foar wyn en rein
Sels machtige bergen binn’ lang om let te’n ein
Mar wat wy wiene, dat bliuwe wy
En wat wy hiene, dat hâlde wy
Us tiid tegearre is wier net ferdien
Dat asto skielk kuierest by de mar of troch de bosk
En fergees nei myn hân taastst, want kwyt is Hantsje mosk
Of stil stiest op ús fêste plak en oer it wetter stoareagest,
Hommels nokkerje moatst, sa aste dochst asto my pleagest,
As de nostalgy en langstme dy stadich oerwinne
Wês dan stil
Slút dy de eagen
Sykhelje net
En harkje nei myn fuotstap yn dyn hert
Ik bin by dy, bist net allinne, ik gean oeral mei dy hinne …
fan Nicholas Evans