Mûskopjen

M. Gaetz = Maga en M. Johnson = Mojo

Mojo: It is dochs sa dat fan al dy miljarden foar Oekraïne goed njoggentich prosint hjir hingjen bleaun is en ús wapenyndustry te’n goede kommen is?

Maga: Ja, dat is sa. Moai, net?

Mojo: Jawis, festjebûse broeksbûse. Moaier kin it hast net – de wrâld tefreden en de wapenyndustry plus de kiezers yn ús eigen distrikten tefreden. Dêrom begryp ik net rjucht wêrom oft wy dy stipe no ynienen net mear jaan wolle. Sa ferbûkje wy ús eigen stâl! Dochs?

Maga: Moatst yn it grut tinke, ju! Foarútsjen is regearjen!

Mojo: Hoe bedoelste?

Maga: Wat bart der as wy Oekraïne ús stipe ûnthâlde?

Mojo: Dan wint Pûtin it.

Maga: En wat bart der dan?

Mojo: Neat fansels. Doe´t Sleau Joe oppenearre dat Pûtin dêrnei Jeropa oerrinne soe, kaam dy mei de reaksje dat er it by Oekraïne litte woe.

Maga: Ja, dat sei… hoe Hyt ler ek mar wer?… destiden ek; dat er it by Sudetelân litte soe.

Mojo: Wa? Dat wie foar myn tiid, tink?

Maga: Dêrom net, twa dagen foar’t Pûtin dat sei, drige er Finlân noch mei in oanfal. Dat, do moatst ien ding goed begripe: der ûntkomt him gjin wier wurd! Do meist wol betrouwe, mar sjuch op wa!

Mojo: Ymplisearresto no dat Pûtin it njet… uh, net by Oekraïne litte sil?

Maga: Just, Jehannes! Dêr rekkest de saak yn ’t lid.

Mojo: Soks kin dochs nea ús bedoeling wêze?

Maga: Jawis wol… reculer pour mieux sauter!

Mojo: It spyt my duvelsk, ik ferstean gjin Russysk.

Maga: Wa is de grutste ôfnimmer fan ús wapenyndustry?

Mojo: De NAFO neffens my.

Maga: Krekt! Alteast, dat wie sa. Mar as se neat fersjitte… uhh, sjit it net op. It is op it heden mear in spultsje fan ûnderhâld en by de tiid hâlde. Dat lêste bedoel ik mei: fan F-16 nei F-35 bygelyks.

Mojo: Dy wurde hjir dochs ek fabrike?

Maga: Dêr giet it net om! Wêr’t it om giet, is dat de NAFO… om samar te sizzen… yn ’e loft holden wurdt mei Amerikaansk jild. No silsto wol wer roppe fan ‘festjebûse, broeksbûse’ mar ferjit net hoefolle de lobby kostet, mei’t lannen ús oarlochsreau ôfnimme en net dat fan in oar. En dat jild komt net út it NAFO-potsje.

Mojo: Ja, dêr haw ik gûnzjen fan heard.

Maga: Wat ik mar sizze woe, is dat de oare lidsteaten – ik haw it oer de Jeropeeske lannen – harren bydrage oan ’e NAFO langer op ’e rongen slepe litte. It moat harren mar ris yndruid wurde dat it sa net langer kin.

Mojo: Ja, no begjint my wat te skimerjen. Do wolst sizze dat mei it ûnthâlden fan ús miljarden, de stipe oan Oekraïne tenei fan Jeropeeske lannen komme moat. En hja binne yn it ginneraal net fan Jousumbuorren.

Maga: Mar… dy’t frede wol, moat him op oarloch tariede.

Mojo: No sa! Wy sette Jeropa it mes op ’e kiel en dat mes snijt oan twa kanten – as Jeropa frede wol, moat it ta de bûse, en as Pûtin nei Oekraïne in oar lân oanfalt, komt der moai wat fersjit yn ’e NAFO-foarrieden. En foar ús is it yn beide gefallen stryk-yn-’t-laadsje. Mar… uh, kostet dat net oer ‘e mjitte folle minskelibbens – Jeropeeske én Amerikaanske?

Maga: Koe Napoleon dêrmei sitte, mei minskelibbens, of de Dútske keizer yn WO I of… hoe Hyt ler ek mar wer? En sit Pûtin dêrmei?

Mojo: No, nee.

Maga: Sjuch, no binn’ wy der!

Dit vind je misschien ook leuk...