Moai kloaten
Ik kin jim belove: sân jier mei pinekop omrinne, dat is gjin tréwes.
Dokter sei lêstendeis tsjin my: “Wy hawwe alle mooglike remeedzjes besocht, útsein kastraasje.”
No siet ik dêre net earlik op te wachtsjen. Ik wit net, it like my wat… ehh, yngripend. Se hongen dêr al in skoftke, sjuch.
“Dan kin ik jo net helpe”, risselwearre dokter.
“No,” wie ik ynienen út ´e rie, “as dokter mient dat kastraasje de iennichste remeedzje is… toe dan mar! Dy skeane pineharsens kin ik gjin dei langer ferneare!”
Sa mar klear — dokter joech in japs mei syn flym… en dêr rûgelen se al hinne. In wûnder! De pineholle wie oer. Hea, wat wie ik ferromme.
“Jou se my mar mei,” wiisde ik, “foar Bijke.”
Dy middeis hie ik in ôfspraak mei myn fêste skroar. Myn kostúm wie nôch; dat ik moast in nijenien hawwe.
It wie in oarenien. It wie net myn fêste skroar, bedoel ik. Dy wie al sân jier út ´e tiid, waard my fan syn opfolger te witten dien.
“Dat is ek sterk,” andere ik ferbjustere, “want sân jier lyn hat er my dut pak jit oanmetten! Kinne jo my in likensenien meitsje?”
“Jawis!” seid er en skreau de maten op in bryfke.
“Soene jo net efkes mjitte?” frege ik him.
“Nee, hear,” died er eptich, “ik sjuch it sa wol.”
“Ik wol net erchtinkend wêze, hear, mar… hokker maten hawwe jo delskreaun, as ik freegje mei?”
De skroar lies de maten op. Ik wie ymponearre; de man hie se allegearre goed, op ien nei.
“Ik bin yndied rjuchtsdragend,” joech ik him fyntsjes ta, “mar… dêr moatte jo al twaënfyftich by sette — net fjouwerenfyftich.”
“Jo binne in fjouwerenfyftich”, andere er sa wiis as in âld.
“Ik bin in twaënfyftich, blinder!” hold ik de foet by de kûle.
“Bêste man,” bleau de skroar sa kalm as in pûn moal, “as ik jo in twaënfyftich jou, komme jo gemachten sadanich yn ´e bekniping dat jo pineholle krije dêr´t jo net wer fan ôfkomme.”
1 reactie
[…] Moai kloaten […]