Minskerêder
In wolken fan in frommis stiet oan ‘e râne fan in ûngrûn op ‘e sprong en spring.
In suterige swalker, wakker ûnsjuch en frijwat stjonkerich, pesjantelet op har ta en seit:
– Foar’tst springst, leave, sille wy net noch hurd efkes wyld mei-inoar op-en-delderje? Kinst it fergees mei my dwaan, it is dochs de lêste kear foar dy. En foar my soe it de earste kear wêze mei sa’n tsjep en kwikker ding. Wat seist?
– Ik sis: meitsje datst fuortkomst, do ferdoarne smearlap! Do bist wol de lêste dêr’t ik it by myn libben mei dwaan wol!
– Sels witte, seit de ferdoarne smearlap sa bedaard as in deade mof. Dan wachtsje ik ûnder wol op dy.
Recente reacties