MelRose

– Mar hoe komme jim dan yn ´e goedichheid oan fleis?

Ik haw krekt myn tintsje opset op in kampearterrein yn Yellowstone en bin yn ´e kunde kommen mei Mel, út Michigan – sûnder mis it earste wat se jin fertelle: wêr’t se weikomme. Mel is in stikhinne tachtich en krekt tsien jier troud…

– …dat men soe sizze kinne, wy binne in jong stel!

Hy skatteret it út. Dat sil er tenei fakenfolle dwaan. Earst hat er in foech oere foar in ûnbidich grutte wein nei my sitten to sjen, in glimke om ´e mûle, wylst ik-sei-de-gek mei myn tintsje ompielde. As iksels sitten gean bin om wat yn it ferset to kommen, skoot er mei in bêste bats bier yn blik by my yn ien fan dy banktafels dy’t oeral fersille steane oer Amerikaanske kampearterreinen.

– Mel, seit er.

– Jaap, jou ik werom.

Wy fûstkje. Mar nei it útwikseljen fan de plakken fan komôf wol er my oan ´e earm fiele…

– Wat sille wy no krije, skrilje ik tobek.

Op ´e nij is er slop fan laitsjen. Ik begryp it ferkeard, seit er. Hy hie niis mei niget nei my sitten to sjen, om’t ik lichaamlik en motoarysk in grizzlybear net wanlyk bin.

– As wy earen in grizzly skeaten en hy wie strûpt en slachte, wie it krekt as hong der in mâl earmsterke keardel oan ´e hoannebalken as it jûne…

– Arnold Schwarzenegger, sis ik út ´e gek.

Sa grappich is dat net. Mar Mel is slop fan laitsjen en huft my op it skouder. Dat is nammers dochs it nuvere fan Mel – hy is slop op stuiten dat ik it net ferwachtsje, mar hoenear’t ik in grapke meitsje liket er it net neikomme to kinnen.

Dan skelt er ynienen it regear de pochel fol – it regear dat de jacht op bearen ferbean hat. Mei it jammerdearlike byld fan it earme dier oan ´e hoannebalken noch farsk op it netflues, kin myn konsjinsje it wol lykfine mei dy maatregel.

Mar Mel syn kribbekeurigens wol net hingjen bliuwe. Fleurich fertelt er my oer it lapke ûnlân dêr’t er by winterdei, as der in jacht snie leit, hinnegiet om de harten by to fuorjen. It is gâns út ´e reek, mar dat hat er der wol foar oer, seit er. Syn jierren yndachtich moat ik de bûsdoek der no suver by hawwe.

– …dan kin ik har sjítte, sjuch, as se yn it jachtseizoen weromkomme om to sjen oft der noch wat to fretten falt!

Ik kin my net mear bedimje en fal mei de hiele wâl tsjin him út…

– Mar hoe komme jim dan yn ´e goedichheid oan fleis, freget er alhiel út it stel.

– Yn it foarste plak sjitte wy gjin harten…

No deer?

No, dear, grapkje ik. Mar dat ûntkomt Mel wer.

– …en twad helje wy ús ris en dis by de winkelman.

It wol Mel net oan – sa’n jildfergriemerij!

Wy jitte ús in japs bier yn ´e hals en swije – de kulturele kleau gappet…

Dan skoot syn sydsulver foar ús oer yn ´e banktafel. Se spielt har de mûle oer har man, dy’t erflik oarmans gastfrijens misbrûkt. Lykas wol se omspegelje dat hjasels út gâns oar hout snien is, hjit se my om har in glêsfol Gentleman Jack to jaan, in belegere Tennessee whiskey, dy’t, seit se, sa leidich nei har blierket fan efterút myn tintsje wei.

Sa grutsk as in bok sjucht Mel my fansiden oan: Is ´t net in stomp, ju, dat wiif fan my?

– Dat is no myn Rose, stelt er har foar.

– En jim wenje yn MelRose Place tink, hingje ik de biis út.

Ja hear, hy kin it wer net neikomme. Rose hat it net iens heard, sa lodderich sjucht hja nei myn flesse. No, fuort dan mar…!

– Ik mei dan wol in goedgeunstich baaske lykje…, ferfettet Mel nei´t ik syn Rose ynskonken haw.

My tinkt, dat falt wol wat ta, net? Wilens sjuch ik mei ôfgriis, hoe’t Rose har in twadde glêsfol út myn flesse yn ´e hals mikt – as wie it kâld wetter.

– …mar yn myn jonge jierren wie ik om ´e wet net mijen!

Ik bear, ik besau my.

– Jawis, laket er om myn ferheardens, ik wie in dogeneat!

Rose skinkt harsels nochris yn – moai stjalperich fansels.

– Us Daniel en ik hiene ris in bear sketten. Doe’t wy dêrmei thúskamen wie it neare nacht. Dat de âldelju leine al op bêd. Allinne de lampe by de foardoar baarnde noch. Om ús, sjuch…

– Jonge, ûnderbrekt er himsels, wat ha wij wol in fiten út ´e wei set, ús Daniel en ik.

Hy fergriemt him omtrint.

– Ik sil dy dingen altyd by my hâlde, suchtet er nostalgysk.

– Hawar, skuort er de kop der wer by, wy prakkesearden ús proai mei de poaten tsjin ´e foardoar. Do kinst my leauwe of net, mar plat op ´t gat wie dy grizzly noch goed twa meter heech.

Ik bear – sa´n bear!

– Doe roffelen wy op ´e doar en nagelen út, sa hurd at wy koene. Hiest ús heit sjen moatten, doe’t er de doar opskuorde… hihihi… en dy deade grizzly foel him om ´e hals… hahaha… sa´n kossel gesicht!

– Sjuch, in bear, seit Rose mei in slach yn ´e tonge.

Ik leau, it mins hat in moai pandoer yn. Likewol sjuch ik oer it skouder…

Dêr pesjantelet, fergemy, in swarte bear mei trije jongen yn syn sok op noch gjin fiif meter by ús tafel lâns!!!

Mei ien grutte sprong bin ik oarekant banktafel.

– No ju, gibelet Rose, koest wol nea in bear sjoen hawwe!?

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. januari 29, 2019

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]