Media vita in morte sumus
Us Lúcia hat it nei in ynfieren gefjucht fan hast fiif jier oerjûn op nijjiersdei, Dei fan de Frede. Likewol is se yn de eagen fan har mem en mij de morele winner.
It wie nije maaie 2018 doe’t se ús te witten die dat se slim siik wie en net wer better wurde soe. Ek al hie se har nei wenjen set by har Colin yn it Ingelân, wy praten alle wiken mei-inoar troch FaceTime. Mar ien ûnderwerp lei se it near op – har sykte. Dy wie har it neamen net wurdich, want dat soe tefolle eare wêze.
Sa wisten wy ek net wat se woe … as it safier wêze soe.
It docht no bliken dat se beskaat hie dat har lichem ta beskikking fan de wittenskip komt. Dat hat yn – as ik it teminsten goed begrepen haw – dat der net in begraffenis wêze sil. Dy wurde yn it Ingelân sa’t it skynt dochs al besjoen as in katolyk relikt.
Dat … Lucy’s dea is as Lucy’s libben – gjin drokte om mij.
Likegoed stiet it foar har mem as in daampeal dat in minske nei syn ferstjerren in begraafplak kriget, dêr’t men fan en ta hinne kin, want … sa is it te behappen.
It is no oan mij en lis har mem út dat har iennichst bern net dêre is, ûnder in grêfstien op in tsjerkhôf yn it suterige Ingelân, mar … witwêr … foaral yn ús hert en ús tinzen.
Us Lucy is de lêste yn in hieltyd langer wurdende rige fan sibben en freonen dy’t it tydlike mei it ivige ferwiksele hawwe. Us wurdt allegeduerigen yndruid: mids it libben is de dea om ús hinne!
De keunst is: moaiwaarspylje en dochs moaiskyn en wierheid útinoar hâlde. Lykas de fûgeltsjes middenmank de meaners yn it fjild, wylst de man mei de seine hieltyd neier komt, noed stean foar de bern (en smeke en bidde dat it pealtsje net omfalt, dêr’t harren nust mei markearre is) en har tagelyk neat merkbite litte – dat hat syn tiid!
Recente reacties