Matildas walse
De wedstriid fan Austraalje tsjin it Ingelân hjoed wie wer typysk sa’n spultsje fan in team dat mei it hert spilet tsjin ien dat de holle brûkt. Wat dat oanbelanget like it wol in wedstriid fan sa’n fyftich jier lyn tusken Ajax en Feijenoord. De Portugeeske kommentators begriepen net wêrom’t it Ingelân nei in healoere safolle mear balbesit hie. Ja, as ien team lange ballen nei foaren jout en it oare baltsje breed en baltsje tebek, dan kriget men soks, no?
Sa hawwe wy yn ’74 de finale ek ferlern. In W van H fûn it doe nedich en doch itselde nei de 1-0 om it spul te fertraagjen. De kop fljucht my noch op oranje as ik dêroan tebektink… uh, net yn ‘e goede betsjutting.
Hawar, tebek nei de takomst — ’23. It Ingelân makke oars in pracht fan in goal krekt foar de ein fan ‘e earste helte, sa net.
Austraalje skuorde de kop der wat by yn ‘e twadde helte (spile ek ris in bal breed of tebek) en it Ingelân spile ynienen wat mear mei it hert. Sa waard it dochs noch in spektakulêre wedstriid. En wat in goal fan Kerr — in keurgoal!
Mar ja, in lyts triuwke mei de hân op it krekte momint… sokke dingen wie it Ingelân wer wat better op ôfjage.
Recente reacties