Materialisme
Der binne fansels withoefolle ferskelen tusken de âlde wrâld en de nije. Giet it der yn Jeropa nei myn fieling om wêr’t men wei komt en wat men dien hat, oarekant ’e sleat leit de klam neffens my mear op wat men docht en wat men sil.
It is nammers net sa swart-wyt as ik it no delskriuw. As men wyt is, dan al fansels. Mar as men swart is yn Amearika, is de Jeropeeske regel fan tapassing. En, wy nimme wol ris wat fan inoar oer, no? Dat skielk jildt de Jeropeeske regel wer wrâldwiid, roai ik.
Krektoarsom, nimme wy yn Jeropa ek wol ris wat út Amearika wei oer. Ja, dêr wurde jim efkes kjel fan, tink. Mar, it is sa. Wy roppe mar dat de noarmen en wearden yn ’e Nederlannen stean as in dampeal, mar dat falt wat ta, wol my oan. Wy kinne kultureel beslist gjin sydwyn gean. Dat is op betingst dat dy sydwyn út it westen komt, want dan kinne ús noarmen en wearden ús ynienen de barrels skele. Giet de wyn om, dan roppe wy wer moard en brân oer ‘ús noarmen en wearden’. Hahaha! Ja, wy binne my der ien.
Mar foar’t ik op ’e doele reitsje, sil ik in foarbyld jaan fan eat dat wy út Amearika wei oernommen hawwe…
Fyftich jier werom, wie it te uzes deagewoan dat as men eat graach ha woe dêr’t men it jild net foar hie, it ienfâldichwei oer gong. Doedestiids koe men lykwols yn Amearika alles al op kredyt keapje – bygelyks in keuken lease. Ja, dat koe hjir nei alle tinzen ek wol – net in keuken lease, mar dingen op kredyt keapje, bedoel ik – mar… dat die men net. It wie gjin wizânsje. In lyk man is in ryk man, wie it biedwurd. Dat is yn ’e rin fan ’e tiid neffens my al in bytsje feroare. Is ’t net sa?
Mar ek al keapet men op it heden makliker dingen op kredyt yn ’e Nederlannen, men wol noch al witte wat it kostet. Alteast, dat nim ik oan.
Sjuch, en dat âlddoarpske begjinsel ha wy yn Portugal langer ferlitten. Hjir ha wy alle dagen reklame op it tillefyzje fan dingen dy’t men op kredyt keapje kin.
Wat it kostet?
‘Dat sil der wol fan ôfhingje wat it is,’ hear ik jim al tinken.
Mis! Alles kostet… gean efkes sitten, want no komt it… alles kostet €12 yn ’e moanne… sem juros (= sûnder rinte). Moai, net?
De earste kear dat ik it seach, tocht ik: It is it iene of it oare – dut is in fersin of ik wurd gek.
Wat die bliken? Ik wurd gek, want it wie gjin fersin. Alle klapsketen is der wer in reklame foar: ‘Dut wo’ jo ha! En it kostet mar €12 yn ’e moanne… sûnder rinte!’
Soks sil yn ’e Nederlannen nea de foarsje wurde, sizze jimme? Ik wit net. Minsken binne keppeldieren – as der ien skiep oer de daam is, fleane se der allegearre oer.
Recente reacties