Masser Brock

It boek lêst alderstoarmste hurd fuort…
It giet oer in stikjesskriuwer dy’t yn ‘e grutste krante fan Nederlân de aktualiteit bekommentariearret.

Yn it begjin fan syn wurkpaad wol Masser noch leauwe dat der in foech folsleine wierheid bestiet, mar allinkendewei… leaut er it wol, hahaha!
Wat ik mar sizze wol, is dat er – lykas Fowler yn The Quiet American fan Graham Greene – by stikken en bytsjes yn ‘e lampe krijt dat wierheid wakker ôfhinklik is fan jins perspektyf, fan jins stânpunt.

Op in stuit komt er ek noch oan ‘e weet dat de eigen redaksje sûnt minskewitten ynfiltrearre west hat fan de BVD, dy’t op syn bar wer oanstjoerd waard fan de CIA.
Om koart te kriemen, hoefollestemear er yn it snotsje krijt hoe’t harren sabeare ûnôfhinklikens allegeduerigen manipulearre wurden is, namste mear er âlde wissichheden yn ‘e kiif set.
Sa njonkelytsen rekket er alhiel fan it hynder. It komt ja sa fier dat er begjint te twiveljen oer syn eigen tafoege wearde as stikjesskriuwer. Dêr is ek al gjin objektive mjitstêf foar, ornearret er. Ommers, yn hoefier hat er him sels ûnwollens manipulearje litten? Hoefolle is syn miening winliken wurdich? Wied er mar horloazjemakker wurden, lykas syn omkesizzer! Dát is nochris in eksakt fak, wjerkôget er op it lêst suver oergeunstich.

Dat mei hinnebruie, mar wat Masser yn syn breinroerigens fansels oer de harsens sjucht, is dat der withoefolle horloazjemakkers op ‘e wrâld binne, mar in frekt lyts bytsje skoandere horloazjemakkers. Lykas dat der smiten stikjesskriuwers binne, mar in nearzich lyts bytsje dy’t ek rûnomwei lêzen wurde, dy’t – koartsein – skepper en skriuwer binne.
Oars sein, Masser, it is mar krekt hokfoar perspektyf men foar kar nimt, hokfoar stânpunt…

Mar ja, ik hoech fansels net te mienen dat er him soks fan mij sizze litte wol – hy ken my net iens. En dêrta, guon wolle no ienkear perfoarst harren persoanlike delgong oan it bittere ein ta trochlibje…
Mûlk stiet er foar reden, as Bert Wagendorp himsels him geweken nimt. Dy twa binne broek en baitsje, sjuch. Ik sil it Bert ris foarbringe…

Dit vind je misschien ook leuk...