Mark ‘dr. Frankenstein’ Zuckerberg
It rjucht fan de sterkste is net inkeld de wet fan ’e jungle, it is de wet fan ’e wrâld.
Gong it by de dinosaurussen noch om dyjinge mei de grutste print, en by de neandertalers om de sterkste fint (of om wa’t it hurdste rint), no is de fraach: wa hat it measte splint? Dat is al in moai skoftke sa en, sa’t it no liket, sil it ús wol oerlibje.
Oars sein, it giet langer net mear om ‘wat hat men yn ‘e mouwe?’, mar ‘hoe grut is jins kouwe?’ Sa kin it wêze, dat ien mei tige lytse hantsjes him yn it Wite Hûs benestelet en in stek-yn-‘e-bûse yn it Kremlin. Beide neat yn ’e mouwen, dat is sa, mar de ien fiert de skepter oer de ‘frije wrâld’ en de oar oer de rest.
Sisa, it Alde en it Nije Ferbûn yn in pear rigels gearfette – dat is net foar elts weilein, de wrâldhistoarje yn twa alinea’s.
De âlde riken fan ‘ús’ wrâld (de Bourbonnekes, de Rothschildsjes ensafh.) risselwearren op in stuit dat de minst begrutlike manear om de publike opiny nei jins hân te wennen, ‘demokrasy’ hiet. Al dat opsluten en hollen ôfslaan kaam men dochs wat mei op in kweanamme te lizzen, no. In demokrasy kin men de massa moai yn bespylje troch fia de ‘frije’ pers in falske foarstelling fan saken te jaan en politici te bekeapjen. Dêr hoecht men net iens foar by de kachel wei te kommen.
In klear hjoeddeisk foarbyld dat soks giet dat it slydjaget, is dat hast hiel polityk, skriuwend en lêzend(!) Jerope him konformearret oan it betinken fan kening Filips VI (de Borbón) fan Spanje wat de Katalaanske kwestje oanbelanget.
De nije riken (Poetin, Zuckerberg) lykje der hieltiten minder muoite foar te dwaan en bliuw efter de skermen. Wat is dat? Idelens? Hawar, de massa liket der net oars fan te wurden, dat … toe mar. Guon stikjeskriuwers besykje altemets mei in smeulske spjeldeprip de publike opiny te beynfloedzjen, mar men kin likegoed besykje, mei bleate hannen in izeren lûkbealch hohâlde te litten dy’t mei stoom en staasje foarby feecht. Boppedat binne stikjes meast net mear as reaksjes op in aktualiteit. Lit mij dêrom noris besykje, in futurologysk stikje te skriuwen …
Wannear’t Zuckerberg de folgjende presidint fan ’e Feriene Steaten wurden is …
Watsjo? Dat moat ‘as’ wêze ynstee fan ‘wannear’?
Tocht it net. As in ferklearre ateïst him út it skjinne wetter wei bekeart ta it kristendom, dan kin dat neffens my yn it gefal fan ús Mark mar ien ding betsjutte: On your mark, get set! Hahaha! Want as men presidint wurde wol – soks wit it lytste bern – dan moat men yn it foarste plak fyn wêze, leafst noch wat finer as mealde poppestront.
Mar goed, dêr is men der jit net mei fansels, nettsjinsteande men al wol moai op streek is. Mar ús Mark hat syn pylken noch net fersketten. Us Mark hat nammentlik goed tsien jier lyn wat oan it dokterjen west, yn it hok efter yn ’e tún, en eat fabrike dat der by syn evenminsken wakker ynfoel. Goed, it is wat in wanskik wurden – dat wie eins net earlik syn bedoeling – mar no’t it meunster der ienkear is, wêrom him net noflik op ’e skouders sitten gean … and enjoy the ride?
Lit ús ris sjen!
As ús Mark no ris in seleksje makket fan bygelyks alle lju dy’t op syn Facebook bliken jûn hawwe dat se fuort op ien ein binne as in hûn tamtearre wurdt, en hy stjoert harren it boadskip ‘as ik presidint bin, komt op bistemoardzjen de deastraf te stean!’. Klear! Dat is ien (sei de duvel, en hy skopte in Poep yn ’e hel). Wa ha wy noch mear? Feganisten – dêr kinne wy ek wol wat mei. Wat stiet dêre? Sis tsiis? Fuort mar, ‘Frysk tenei ferplicht op skoalle!’ – wat kin my dat bomme? Oer bommen sprutsen, wa wol der mear sjitark hawwe? Ris efkes sjen …
As ik in stikje skriuw, dan moat it by omtrint 600 wurden wol beslikke wêze, fyn ik. Doe’t ik my niiskrekt ôffrege ‘hoefier bin ik winliken?’, stie der ûnderoan it Word-dokumint ‘Woorden: 666′. Moai, net, mei Peaske! It liket hast in aprilgrap. Dat ik haw net in wurd mear feroare. 😉
Ik hie eins noch skriuwe wollen dat al dy’t it Wite Hûs troch de foardoar ferlitte, by Mark thús troch de efterdoar ynhelle wurde. Mei oare wurden, Bannon kaam fuort by him op ‘e leanlist te stean. As dat gjin dúdlike oanwizings binne fan wat syn doel is, dan wit ik it net mear. Ommers, wat is der no op ‘en doer noch oan om de machtichste man te wêzen as net ien dat wit? Je bent jong en je wilt wat, no.
Doe’t ik it stikje fan ‘e moarn op de FB-side sette woe, slagge dat net. Doe’t ik de titel efkes ferfryske hie nei ‘Markus Sûkerpûdsje’ of sawathinne wie it samar klear. Big Brother is watching, sa’t it skynt. Dat as ik skielk njonken Skripal wekker wurd (of net), dan witte jim wa’t jim op it festje spuie moatte. 😉
Marcusuckerbôle & ifanke Trump, Anne fon den Breemer.
Doubel-spión Skrip-all en daughter oan nervegâs, Londen.
D66. Doctrine 666 Dictatuer – GrienLofts of BruunRjochts.
PfdArbaidsleazens. Slavedriowers up Mediterranee – WiC.
’n Sint havve id de Wet fon ‘e Wôlden. Artemiss Diangulis.
Darwinisten binn’ gjin Democraten. Denk èk nèt. Dockem.
Oerlibje leävver âs ferlibje. Oerbefólking iin ‘e Oerwôlden.
Skepter leävver âs septer. Néanderthalers iin ‘e spitketen.
Sjuh-sa leävver âs sie-sa. Boun leävver âs ferboen. En sa
Of ensawathinne, ensawh. Politici is Graeco-Latiin mei -i
iin pluralis. Democrasy uut Griiksk kin mey -y om ‘e klam.
Ja, Jaap, ikoaning Filips en 1e minister Rajoy d’Hispanje
hôlde harren oan ‘e wet en heärre by de EÚnje. De Yûgo’s
wienen dât nèt en ea socialisme.nu Slaven binne no frey.
’t Rioght fon ‘e sterkste, r.1. Haadwörd sûnder haadletter.
’n Clear Heûtedaysk foàrbield, midden text, en idem dito.
Lûk-beolch sit ’n -U- tefolle iin. Ho-hôlde. Steam & faasje
alliterearret fonsells nèt. Stickje-skriower may mey ien s.
What soe ’n Pûtiin of Zuckerberg efter de doàrkes doàn?
Mey ’t Greotste Geliik fon ‘e Wrôld! iin Syrje! Mey Assad!
Yiéld yowt ye’n yeärne yah-wörd. No r’s los, sayt it by mi.
What saine yo, leävver foll-uut. ’n Athéist, sûnder trema.
Finer âs meälDe bernepoep. Âs m’n presidint – en – m’n
iin ’t foàrste plack, dân giet it oer ik, Jaap sells, of: ien.
By Mark, on your mark, thoaght Ik oan ‘e hear M. Spitz
uut ’t skiénne wetter way. Of ’n Rutte of ’n skoànsoan,
fon Don Trump. Mar goed, dêr is ien, of beast der nèt
mey, nèttsjinsteande âst, of âs ien soks sawhat is …
’n Poep mey haadletter, ’n Duutser. Oars wetterfûgel?
Veganisten èk iin Friesk mey V. Sayst F iin Hollânsk!
Oer bommen Praat! Wha woll (der) mear? Cheese?
Op syn Facebook der bliken fon joen ha?
’n Poep ig good now. Oantekens, suggesjes negearre.
Veganisten, meälDe poppestront, oerlibje, skepter en
Sjuh-sa. ’t Boen ensawh. Politisi. What tsjin apostrof?
’t Rjocht – ’n Klear – Stikje-skriower no r’s âs ûnderoan.
Watsjo? Wat seine jo? ’n Athéist. – Frij frustrearjend …