Lyts en eangstich
Hoesa, it stiet noch yn ‘e kiif foar hoefier’t syn posysje ferswakke is? Wy wisten ommers al withoelang dat it in ûnwis hampelmantsje mei in Napoleonkompleks is. Ja, en sokken hawwe it leafst flaaibekken om har hinne.
Dat at de ginneraal fan it leger, dy’t him troch de jierren hinne altyd wakker opfizele hat, seit dat it gjin dwaan is mei mear as tweintich losse legerkes dy’t allegearre op eigen kompas sile, dan kin er him dat wol in bytsje begripe.
‘Dêrfoaroer komt my dat altyd goed út en lit dy legerkes oeral op ‘e wrâld dêr’t ik belangen haw, de smoarge putsjes opklauwe. Ik kin my byneed beskûlje efter it ferlechje dat myn regear offisjeel neat te sizzen hat oer dy ûnbestjoerde projektilen. Dêrtaboppe warskôget Jev-kok my allegeduerigen dat myn legerginneraal en myn minister fan definsje, dy’t my ek altyd sa trou as in hûn west hat, neat wurdich binne. Dat kin suver net wier wêze, want se ha noch nea yn myn druvebeam sitten. Mar ja, Jev-kok hat noch nea tsjin my liigd — it is wat in politikaster. Wa moat ik no leauwe? Wêrom kin ik altyd sa min út ‘e rie komme, blinder? Witst wat? Ik lit it gewoan in skoftke op syn berin. Dat is my altyd goed befallen. Dan sjugg’ wy tenei wol fierder. Sa dogg’ wy it.’
Recente reacties