Luctor et … immergo
De Nederlânske taal is neffens my in fersin. De oantsjutting is safier mis as Jistrum fan Madrid leit. It Nederlân — dat om utens nammers De Nederlannen hjit — ken formeel ommers twa offisjele talen: it Frysk en it Hollânsk.
Dêrom net, dat lêste wie in arbitrêre kar. Hie men it Limboarchsk foar kar nommen, sa wie it Hollânsk in dialekt west. No is it Hollânsk de standert.
En de talen dy’t yn ’e oare Nederlannen sprutsen wurde, wurde dialekten neamd fan ien fan beide, fan it Frysk of fan it Holl …
Hin?
Ja, meast fan it Hollânsk, dat is sa. Hoewol’t guon dialekten ek in soad wei hawwe fan it Dútsk.
It Biltsk, it Stellingwerfsk en it Stedsk û.m., dy’t gean foar Fryske dialekten, skaaie op har bar nei respektyflik it Sieusk, it Drintsk en it Hollânsk.
Mar dêr giet it no net om. Wêr’t it om giet is dat men sprekke moat fan De Nederlânske talen. De oare oantsjutting, dêr’t dut stikje mei úteinset, is ûnderdiel fan in fyn ynlein systeem dat ús memmetaal ferhûddûkje moat. It systeem is fan itselde daai as dat fan it regear yn Madrid, dat seit: “Wy prate Spaansk yn Spanje.”
Ja, dat soene se wol graach wolle. Sok sizzen is der op rjuchte it Baskysk en it Katalaansk te ferhûddûkjen. Underdiel fan dat krewearjen is: konsekwint les jaan yn it Spaansk. Gefolch: Katalaanske en Baskyske bern sykje om in wurd yn harren memmetaal, fine it net en nimme it Spaanske wurd foar kar (dêr’t har memmetaal alle dagen mei dea-aaid wurdt).
Men soe sa´n ûnderwiissysteem oantsjutte kinne mei de term submission education.
Horis efkes, hear ik jimme roppen, wêrom brûkst hjir ynienen in Ingelske útdrukking?
No, koartsein: Dat is Sytze syn skuld, hahaha!
Dat komt, dy soalde hjoed in artikel op de FB-side Fryslân en de Fryske taal dêr’t de útdrukking immersion education yn op it aljemint kaam — dêr’t Sytze (en ik ek, sei de gek) felle foar is.
Hoe soe in bern ommers bedreaun yn syn memmetaal wurde moatte, as er op skoalle inkeld Hollânske wurden en útdrukkings te hearren en te lêzen kriget? Hoe soe in ynkommeling dy’t him yn Fryslân nei wenjen set, de taal leare moatte as …
Watsei? In abonnemint nimme op De Ljouwerter?
Hahaha, do bist
in moaien-ien! Mar dêr hast de loarte al by de skjinne ein, heite! Ik bin yn
ien fan myn stikjes alris yn ’e pleit gongen foar op syn minst de
krantekoppen yn it Frysk, om foar te kommen dat in polityk petear tusken twa
Friezen mei Hollânske útdrukkings ôfmakke is.
Mar ja, de redaksje fan Hollânske kultuerdrager De Leeuwarder Courant is
mei kranten tichtplakt 😉
Kenne jim dy bak fan dy Nederlanner dy´t him yn Portegal nei wenjen sette en mei in panstrutsen troanje ferklearre dat er no ek de taal leare woe?
It wie mei sizzen net te dwaan; dat hy sette fuort in skûtelantenne op it dak mei’t syn wiif gjin ôflevering fan GTST hoegde te missen, liet alle moannen HP/De Tijd út os Países Baixos wei opstjoere en siet alle kearen mei teminsten ien lânsman yn ’t kafee.
Gefolch: hy kin al floeiend sizze: Duas cervejas, se faz favor!
(as er teminsten net ‘dois’ seit).
Nee, as men in frjemde taal leare wol, sa lêst men de kranten fan it lân (allinnich net yn Fryslân fansels!) dêr’t men jin nei wenjen set hat, en sjucht men nei it lokale tillefyzjenijs. Men stelt syn kompjûter yn op de taal fan it lân, besiket yn ’e winkel … hawar, ensafuorthinne, ensafh.
Dat is language immersion — jin ûnderdompelje yn ’e taal dy’t men leare wol. Soks falt om de wearlich net ta, yn it oanbegjin, mar … alle begjin is swier.
En dat is tink ek wat Sytze bedoelt hoenear’t er immersion education op it aljemint bringt: ûnderdompeling fan de bern yn harren memmetaal — Fryske learkrêften, Fryske learmiddels, ensafh. Al wie it inkeld mar om foar te kommen dat Stedsk skielk de standert is.
Wer in treflik stikje! Komt letter fansels wer yn NF, mar earst komt der in oersetting fan dines yn fan in Portugeesk liet/gedicht (hjerstnûmer; is al by de opmakker)! Dat fûn ik ek al sa prachtich! NDF
Tige!
‘Immersion education’ betsjut fansels al dat de learboekjes foar rekkenjen, biology, skiednis, ensafh. ek yn it Frysk moatte. Lizze dy al klear of wurdt dêr noch oan arbeide? Witsto dat bygefal, Sytze?
Wy (FFU) pleitsje al jierren foar yntegraal meartalige learmiddels foar de ‘oare’ fakken as it Frysk, mei in lykweardich plak foar it Frysk, Hollânsk en Ingelsk (ôfwikseljend de paragrafen yn it Ingelsk, Hollânsk en Frysk; is fertikale yntegraliteit). En mei de faktaal en nomenklatuer fan dy talen yntegraal yn alle paragrafen opnommen (horizontale yntegraliteit). Mar de politisy bliuwe dôfhûdich, harkje net goed en dogge der neat oan. Wy hearre dus al jierrenlang ta it skift ‘ongehoord Nederland’.
Nederlawnske taaL, finale -l moàTst cursivearje. Hollân
Hied fonsells de Hegemoney, Goudene ieu, VOC & WiC.
Sa fier miss âs ÂT, (d)ât De Kuunder fon Willemstêd layt.
Ho R’s — twa wörden. De Tsjonger < CunerA? – Thonger.
Dat hast wer frekte goed sjoen, Dauwe ‘Earnseach’ fon der Meulen. Ik moast sels wakker op it wurd omdigerje foar’t ik seach wat’tsto bedoeldest. Ik lit dy ‘l’ moai sa stean, heite, mei’t ús neiteam yn ‘e fiere takomst ek sjen kin dat âlde pake Dauwe neat oer de harsens seach 😉
‘Ho ris’ binne twa wurden. Hast alwer gelyk. Ik wie yn ‘e beane, tink, útreden fan ‘noris’. Of bin ik dêr ek mis mei?
Ik soe net witte, Sytze, wat der tsjin is op ‘immersion education’, yn dut gefal: folslein Frysk ûnderwiis.
De bern sille der net mei sitte kinne, want bern leare alles wat har foarset wurdt. Dat jildt ek foar bern fan in ynkommeling. De ynkommeling sels sil der ek oars noch oars fan wurde, dat syn bern ûnderwiis oanbean krije yn ‘e taal fan it lân dêr’t er him nei wenjen set hat. Allinnich as dy ynkommeling út Hollân wei komt, begjint it leave lijen. Hollanners fine no ienkear dat se in streekje foarút hawwe, hielendal by Friezen. Mar … moat men jin dêr om feroarje?
Dat mei dy fertikale en hoarizontalige yntegraliteit … dat giet my boppe de klep, Sytze, hear. 🙁
Bin ik like dôfhûdich as de Haachske politisy of soe it har ek te dreech wêze – dat se der dêrom neat mei dogge?
‘n Abonnemint up Liouwerter Krânte.
“What said?”” Wât sei?” binn’ 2 wörden.
Now, “no R’s” twa wörden. Kinst n’t telle?
Fiérder-up “âll R’s” 2, heär. Kinst mei helpe!
“Ho R’s” 2. En taal cursivearje foàr de nei-team.
“Sou’mission” fon Michel HWellebeeq, moslima’s.
“immersion” dis-sipels(!) ûnderdompelje iin fier-tale.
Ânti-Friesk Dayblêd — LEÀUWERTER CURRÂNTE —
‘n Hollânsk bolwörk.
Loàrte Brecking oanjoen. TV TilleViizje. Ensawh.
Ensawathinne gjin what. – Lit ‘n oar nèt laitsje …
Maitsje ‘t Friesk n’t bespotlyk. Nim dii sells
Serieus. Thiege, tige thank iin ‘t foàr, juh.
Hollawn hied de hegemoney, Gouden ieu, VOC.
Sa_fier miss âs Ât, (d)ât Jistrem fon Madrid layt.
Yn dut (?) Nee, d’t (!) gefâll. ‘t (!) Gefâll woll now.
Sytze sayt neat o’er Brecking, politisi, ‘n & -hied.
O Poàrtegaal en Spanjen iin en by R’daam.
GJIN réaksje? Gjin ferbetterjen? Jaap?
Beast hiérre ‘n “Earnseach” foàr neat.
Hasty fersind, 2 wörden iin ien, hasto.
Hast dy, Dû hast dii, is ein’s 3 wörden.
FERBETTERING OANBRINGE IIN TEXT!