Lit ús 2018 it jier fan it radikale optimisme meitsje

It wurdt tiid dat de optimist him wer fertsjintwurdige fielt yn de polityk

It waaksende gefoel fan wearze yn ’e mienskip uteret him yn pessimisme en dat jout op syn bar wer in fiedingsboaiem oan it ‘doe wie alles better’-populisme. Optimist Bert Wagendorp ropt de polityk op de boarger wer hope te jaan en in perspektyf te bieden.

Ik bin wier-wier in rasoptimist. As ik in pakje sigaretten helje mei lêzen derop ‘Roken is dodelijk’, tink ik by mysels: ‘Foar de oar, ja, mar net foar mij.’ Ik bin teffens mûlk wat te grou, mar de kâns dat ik oer in moanne of twa goed 7 kilo kwyt bin, haw ik withoeheech, en dat al goed fiif jier. Ik bin ek moai wis op ’e knikkert dat ik jitris de Mont Ventoux yn minder as 1 oere en 45 minuten beklimme sil.

Ik bin oanhelle mei wat de Ingelske neuropsycholooch Tali Sharot de ‘optimism bias’ hjit: ik haw oanstriid de kâns op foarspoed te heech en it risiko fan tsjinslach te leech te hawwen. Dêr kin men net safolle foar, de optimism bias hawwe wy neffens Sharot mei de memmetate ynsûge, allyksa dyjinge dy’t harsels pessimistysk neame. Dat it optimisme sit ús yn ‘e genen oft wy it wolle of net. Mei de optimism bias litte wy ús ein net slûpe – wy wurde allegearre ien kant út twongen, nei de takomst ta, en it is nofliker jin dêr rys mei rezinen by foar de geast te heljen as grôt mei krôde.

Ussels binne wy alfolle optimistysk oer – bûtenwenstichheden net meirekkene – mar soks jildt net it lân dêr’t wy wenje, of de wrâld. Neffens it lêste fearnsjierûndersyk Burgerperspectieven fan it SCP is 57 persint fan ’e Nederlanners fan betinken dat it ‘de verkeerde kant’ út giet mei ús lân (in stiging fan 9 persint yn ferhâlding ta it tredde fearnsjier – wat is der foarfallen?)

Optimisme giet it yndividu oan, syn neiste om-en-by derby ynbegrepen, en pessimisme it kollektyf, it lân, de wrâld; dat is de sitewaasje. Partij westerske lannen ha te krijen mei boargers dy’t meast pessimistysk binne oer de takomst. Soks komt foar in part fuort út desynformaasje. Wylst oer de hiele wrâld de misdiedigens sakket, is de persepsje fan withoefolle boargers just krektoarsom. Konfrontearre mei harren misse rûzing wyt mear as 50 persint fan ’e dielnimmers soks oan de klam dy’t op it tv lein wurdt op kriminaliteit. Hast de helte wiist nei de kranten.

De pessimist hat oanstriid te leauwen dat it ûnûntwynber op ’e non draait mei de wrâld en jout minder omtinken oan de ûnmiskenbere tekens fan foarútgong op withoefolle mêden. Wy kinne bygelyks de ûntwikkelings op it mêd fan klearebare earmoed ris goed besjen, oer in wat langere rek fan jierren: tusken 1820 en 2015 (metten yn dollars en korrizjearre foar tiid en lokaasje troch de ûndersikers fan de Wrâldbank). Fan de 1,08 miljard wrâldboargers fan 1820 wiene 60,6 miljoen net ekstreem earm, 94,4 persint fan de minsken wie dat al. Tsjintwurdich moat fan de 7,35 miljard minsken noch 9,6 persint (705,5 miljoen) him rêde mei minder as 1,90 internasjonal dollar per dei. In merakelommen eksploat fan foarútgong.

Itselde ferhaal mei de demokratisearring. Sûnt 1965 fertrijedûbele it tal minsken dy’t yn in demokrasy wenje. Sa binne withoefolle foarbylden te neamen dêr’t út bliken docht dat de wrâld aloan in better plak wurdt: mear feiligens, minder oarloggen, minder terrorisme, minder honger, bettere sûnens, hegere libbensferwachting, folle net genôch.

Wêrfandinne dat pessimisme dan? Fral yn lannen mei de grutste wolfeart, god noch ta!

Yn 2016 ferskynde Societal Pessimism, a study of its conceptualization, causes, correlates and consequences fan Eefje Steenvoorden. Hja die ûndersyk nei it pessimisme yn ’e mienskip, nei wat te uzes maatskiplike wearze hjit, yn Den Haach onbehagen, yn Frankryk malaise, yn Grut-Brittannië unease en yn Dútslân Unbehagen.

Steenvoorden fûn by har respondinten in ‘merkbiten delgong’ op fiif mêden yn ’e mienskip. Der wie sprake fan in waaksend erchtinken oer it minsklik fermeien, fan in gefoel fan kwyt reitsjen fan ideology, politike ynfloed en mienskipsfielen en der waard in oanboazjende sosjaalekonomyske kwetsberens field.

Wearze uteret him yn pessimisme. Oft de bespeurde delgong him ek winliken oppenearret of allinnich bestiet yn ’e persepsje by in part fan ’e befolking, is no efkes net fan belang. Dêr komt nammentlik it ‘Thomas Theorema’ om ’e hoeke, neamd nei de Amerikaanske sosjolooch William Thomas (1863-1947), dy’t yn 1928 it folgjende fêststelde: as minsken eat as feitlik fiele, hat soks feitlike gefolgen, likefolle oft har gefoel earne op stuollet of net.

Dat is in wichtige waarnimming. Premier Mark Rutte kin noch sa fakenfolle werhelje ‘dit is een fantastisch, gaaf en geweldig land’ – dêr is teffens in soad foar te sizzen – mar dêr sil de maatskiplike ûnfrede net mei belúnje. De pessimist hat in oare persepsje fan de werklikheid en dy is net sa ljocht. En reëel of net, dy hat gefolgen: ûnfrede, lulkens, wearze, stimgedrach.

Steenvoorden lit ús sjen dat de boarger dy’t oanklaud sit mei maatskiplike wearze, mear oanstriid hat te stimmen op wat hja PRR hjit, Populistysk Radikaal Rjuchts: yn Nederlân PVV en Forum voor Democratie. Dy partijen dogge wat se fan elektoraal stânpunt út besjoen dwaan moatte: it pessimisme oanpûste en opstoke. Pessimisme is har fiedingsboaiem, de ein fan it pessimisme is de ein fan Wilders en Baudet. Sûnder pessimisme gjin radikalisme.

Baudet syn deklinisme (wy geane nei gychem) en syn nostalgysk langstme nei langferfleine tiden doe’t alles better wie, sterkje, alteast by wa’t dêr gefoelich foar is, it tinkbyld fuort yn de ferkearde tiid te libjen en it fiedt pessimisme. De kiezers dy’t yn novimber 2016 op Trump stimden wie 81 persint fan oertsjûge dat it libben yn 1966 better wie. Dat hie ûnder de Clintonstimmers 20 persint west. Baudet giet noch hûndert jier fierder tebek, yn syn bizarre ferhearliking fan in tinkbyldich ferline.

‘Een existentiële crisis bedreigt het voortbestaan van de Nederlandse samenleving’, ‘de kwaliteit van het onderwijs holt achteruit’, ‘onze veiligheid op straat wordt in hoog tempo minder’, ‘we leven op de rand van de totale ineenstorting’: it binne Baudets nearzige en amper ûnderboude persepsjes fan ’e werklikheid dy’t yn de pessimist del gean as in preek yn in âlderling.

Mar net allinnich de populisten sterkje it gefoel fuort fan in maatskippij dy’t tebroazelet, in lân dat foar de ûngrûn stiet en in wrâld dêr’t it wat langer wat slimmer mei giet. It is lykas binne de net-populistyske politisy fan betinken dat it pessimisme homeopatysk stjoerd wurde kin, te witten troch behanneling mei pessimisme oanmongen mei wetter.

De nije minister fan bûtenlânske saken Halbe Zijlstra joech foar de jierwiksel in fraachpetear oan NRC Handelsblad. In pear kwotaasjes: ‘It giet dat it slydjaget yn Nederlân, mar de wrâld sit der min ta.’ ‘As men de notiidske snuorje ôfset tsjin dy fan hûndert jier lyn, sjucht men al rju soarchlike punten fan oerienkomst.’ ‘Foar’t men it wit drukt wierliken ien earne op in knop.’

As fraksjefoarsitter fan ’e VVD die Zijlstra alle war en stek it heitelânske populisme de loef ôf troch it binnenlânske pessimisme op te stokeljen, no smyt er him op it pessimisme yn wrâldwiid perspektyf.

It krystboadskip fan kening Willem-Alexander kaam de folgjende passaazje yn foar: ‘It falt net altyd ta, leauwe te bliuwen yn de mienskip dy’t wy mei-inoar foarmje. It liket hieltiten slimmer te wurden elkoar yn it deistige libben moetsje te bliuwen. De plakken dêr’t in grut ferskaat fan minsken inoar fan âlds treffe – tsjerke, kantoar, kafee, sportklup, skoalle – reitsje dy funksje wat langer wat mear kwyt. Faaks is inkeld it sikehús noch in plak dêr’t men yn kontakt komt mei lju mei in oare eftergrûn en libbensstyl.’

Hè ja, sellich mei ús allen nei it sikehús!

Wylst ús lân wat mienskipssin, leafdewurk en ferieningslibben oanbelanget jitte jimmeroan in prinsepeale posysje ynhat by alle mjittings, komt de kening ús dêr, mei poepelerij fan ien of oare pessimistyske lakei, fertellen dat de sitewaasje aloan mear hopeleas wurdt. Gefundenes Fressen foar de pessimist; dy hie it altyd al tocht.

Sybrand Buma mei syn bespotlike skets fan ‘de gewone Nederlander’ die ‘verweesd’ benefterbleaun wêze soe: it wie knibbeljen en in steuntsje yn ’e rêch foar de pessimisten dy’t har dochs al weesbern fielden. Sels Jan Terlouw syn omraak bejûchheide redefiering oer toutsjes út ’e brievebus wie yn werklikheid in befêstiging fan de pessimistyske libbensfyzje dat earen alles better wie.

De pessimist wurdt yn ’e polityk swier fertsjintwurdige, en net allinnich fan PVV en FvD, de findeldragers fan it radikale pessimisme.

It Thomas Theorema jildt net allinnich foar pessimisten, mar mei foar optimisten. Optimisme is ek fan gefolgen, of it terjuchte is of net. In optimistyske maatskippij stiet mear as in pessimistyske iepen foar politike, ekonomyske en sosjale fernijing, is ynnovativer en mear op ’e bûtenwrâld rjuchte. Optimisme is in foarútstribjende foarsje, pessimisme in bongel oan ’e foet.

Mar hoe set men in wraam op it pessimisme, en dêrmei it populisme, op priemmen? Net troch mei in soarte fan pessimisme light mei de wolven yn ‘e bosk mei te gûlen. Ek net troch tsjin de pessimist te sizzen dat er net sa krimmenearje moat en dat it allegear wol wat tafalle sil. Altemets troch earst te sjen nei de oarsaken fan de maatskiplike wearze en it pessimisme.

Bernie Sanders naam de unease serieus ûnder de nominaasjestriid mei Hillary Clinton en kaam mei in ferhaal, in fyzje foar Amearika dêr’t rekken yn holden waard mei itjinge dat de lju pessimistysk makke hie. Dat ferrifele Clinton hast. Yn Grut-Brittannië hat Jeremy Corbyn de ideology werom yn ’e polityk brocht, en dat docht fertuten: in goede kâns dat er de folgjende premier fan it lân wurdt. Men hoecht het net iens te wêzen mei syn fyzje en ideology en sjuch dat er in dúdlike fyzje en ideology hat – en dat soks de minsken oansprekt.

De needlottige ûntideologisearring fan de PvdA, it karakterleaze omflaaikjen mei it populisme fan it CDA, it mei alle winen silende pragmatisme fan de VVD: se hawwe allegear in drôvich lyts bytsje opsmiten en de falsk piipjende rottefangers alle bod jûn.

Jou de pessimist hope, perspektyf, in tinkbyld; tewâdzje de wearze mei in ferhaal dêr’t de boarger yn leauwe kin. Wês konkreet: stop de belestingbefoardieling fan multinasjonals, koartwjukje de loftfeartlobby, set it ûnderwiis boppe-oan op ‘e list, soargje foar earlike ynkommensferdieling, ferbetterje de wolfeartssteat, meitsje de soarch ienfâldiger, kapje it burokratyske wanskepsel alle sân koppen ôf, lit yn jin omgean hoe’t in nije demokrasy fabrike wurde moat. Hâld op mei partijpolitike spultsjes dy’t inkeld noch op it Binnenhôf oanklang fine.

It wurdt tiid dat de optimist him wer fertsjintwurdige fielt yn de polityk – as immen as weesbern benefterbleaun is, dan is hy dat wol.

Lit ús 2018 it jier fan it radikale optimisme meitsje.

Dêrom net, mar ik bin opholden fan smoken. Ik bin wol optimistysk, mar … dy’t kar hat lit him fansels net hingje.

Dit vind je misschien ook leuk...

4 reacties

  1. Jaap Slager schreef:

    Ik wol myn iennichste trouwe lêzer net krinke en dêrmei kwytreitsje fansels, mar Douwe moat ien ding goed begripe. It hat der bytiden wol oan en kom nei wat Douwe krekt bedoelt as er opbouwende krityk leveret, mar as(!) ik it neikomme kin, seit it him noch net sels dat ik it rûnom mei Douwe iens bin – ús wetters hoege net altiten ien wei út te rinnen. Dat as ik ‘IT tillevyzje’ skriuw en ‘IT radio’ om’t ik dat fan bern ôf oan sa sein haw, kin Douwe wol tsjouwe, mar feroarje sil ik net sa gau. Dat lit ûnbehindere dat ik wakker wiis bin mei krityk fansels. Ik bin op ’t lêst mar in begjinneling, no.
    Dat sein hawwende, kin Douwe my moai efkes helpe by it finen fan in better wurd foar ‘wearze’. ‘Unnoflikens’ noaske my by better besjen net en ‘ûnfrede’ is ek net sterk bin ik fan betinken. Oan ‘e oare kant is ‘wearze’ faaks wer wat te (sterk). Wat tinkt Douwe?

  2. Douwe fd Meulen schreef:

    Jaap en Siitze, disse id doebeld up ‘e groepside Frieslawn en ‘e Frieske tale.
    Hoechst it mei mi nèt iens te wêzen, de sellde miening te dielen. Wiérhied?
    Feministen, Wii Reade FrauLiu Easkje fon ‘e PfdA havve de leagen uutfoen.
    Gean oer liken fon liitse bern iin ’t memmeliif, ta Untermenschen forclearre.
    Heil’s Angels fon ’n Hailsteat’s Leger. Faxistiske néonazi âs Hedy d’Ancona.
    Wearze hoefst nèt ’n better wörd foàr te siekjen. Sûnder -r- om te huorkjen.
    Ûnbehagen iin ‘e Hage. Wobbe Hagen iin ‘e Ménsken. Tsjinsin of ’n wâlgjen.
    Averzje, ântipathy. Ûntkinnings flechtsje wii iin âs ‘lelyk’ uus ‘lulk’ wurden is.
    Dauwe, pauwe, moes iin ‘e mauwe mar tsjouwe, kibje, kijve – to joust, jostle.
    Ien hat oanstriid OM te stimmen op ‘e PPR. Politike Partij Radicale RK lofts.
    Komt de kening uus dêr (…) fertelleN, dât de situatië … Prof B. de Gaaij F. jr.
    Faut fon Jaap en Eefke Stiénfoarden if fielen en nèt fêst stellen befoàrderje.
    Fiif Dell-gongen (Sociëtal Pèssimism 2016) iin mooglikhieden & idéologyen,
    iinfloed, Mienskip en kwetsberens. …

  3. Jaap Slager schreef:

    Tige! Ja, sorry, hear! Sa’t ik Douwe niiskrekt fia FB al skriuwde, wie de earste ferzje faaks wat TE farsk fan ‘e parse. Ik haw der juster noch party dingen yn feroarje moatten. Jawis, Douwe, op de links/rjuchts-skaal dy’t stalke Bert Wagendorp sketst, sjuch ik mysels ek in bytsje rjuchts fan Attila de Hun sitten, drok yn petear mei Dzjengis Kan (besibbe oan Wim) 😉

  4. Jaap Slager schreef:

    Wy sieten yn Huelva hjoed. Dat ik koe der net goed by, by myn kompjûter bedoel ik, doe’t ik betocht dat Douwe ek noch yn ‘e bocht sprongen wie foar ‘liitse bern iin ’t memmeliif’. De grize giet Douwe dêrby oer de grouwe. Mar Douwe moat net tsjouwe, want yn it âlde ‘doe wie alles better’ Fryslân wie by wet fêststeld dat it ‘neistbesteanden frij stie’ lytse bern jit NEI berte ‘it libben te benimmen’, alteast ‘salang as de lytse bern noch gjin iten hawn hiene’. Frijens blijens. Koe men teminsten earst – nofteren en klear – sjen, oft it wat wie (of ta weismiten keard).