Linke Din

Ja, nuver is dat mei dizze applekaasje. Men kriget in reaksje, mar men kin net gewaarwurde wêrop. Alteast, ik net.
Nee, Sytze, hear, ik haw net in nije funksje. Ik gean leaver gewoan dea. Mar fan en ta aktualisearje ik myn profyl mei de namme fan de lêste opdrachtjouwer. Dy hjit dan fuort myn nije wurkjouwer.
No, toe dan mar. 

It is dochs wat in brike fertoaning hjir, op Linked-In, of “Linke Din” sa´t guon sizze. Doe´t ik opjoech dat ik yn Portegal húsmanje, krige ik op it festje spuid dat yn dat gefal myn profyl net folslein wie. Ek goed, sei dizze jonge by himsels, de grins mei Andalûsje is noch gjin hûndert meter by ús hûs wei. Dat ik joech Spanje op as thúslân. Dat joech allegear neat — myn profyl bleau ûnfolslein.
Dat, doe joech ik mei de dolle holle Brazylje op. Dêr wurdt ek Portegeesk sprutsen, no. Dat waard likewol noch in hiel gekrimmenear, want ik moast opjaan wêr krekt yn Brazylje. Ik haw op it aventoer mar wat pript. Ik wit net iens wêr oft it leit. 

Samar klear — profyl folslein!

Mar ja, it kloppet net fansels. Dat ik haw de – hoe hjit dat? – hoeders(?) oanskreaun dat der in swak steed yn har applekaasje sit.

No ja, soks mei men net sizze op it heden, no, ek al is it noch sa goed bedoeld. Men mei gjin krityk uterje, ek gjin opbouwende. Dat, dy lju stoden op as in pûn fearren: Bewizen, blinder!
No ju, lit it dan mar gewurde!

Mar tige tank, hear, foar de lokwinsken! Dy kin men altyd brûke, wier! 

Dit vind je misschien ook leuk...

2 reacties

  1. jappie schreef:

    🌹 fon Herte, ek fon Matt. Hje thinke dan, soe ek der ek wat maij dwaan matte. Rio is best genoch juh.

  2. S.T. Hiemstra schreef:

    It is wat! Tank, in NDF, Syze