Licht wat mei de druk, neuk der in bytsje humor by en takom jier sweeft it fan de Ruotpiten – 2018, Zwarte Piet bij Dokkum vermoord

Bêst beteard, hjoed set Sint wer ôf nei hûs ta, mei al syn Swarte Piten, Ruotpiten en in inkelde Reinbôgepyt. Jûn noch hurd efkes in pear gedichten foardrage, kedokes útpakke en wy ha it wer hân. Moai, dat rommet op, zie ginds gáát de stoomboot. Binne wy yn alle gefal in pear moanne ferlost fan dy smoarge Pitendiskusje, dy’t fan ’e simmertiid ôf de kop wer opstekt – de pipernuten lizze hieltyd betider yn ’e winkel en dat is de weitsrop.

Wat hat it debat oant no ta opsmiten? Oftewol: wat hat dy anty-Swarte Pytaksje berikt, nei in jier fjouwer demonstrearjen?
DUO Onderwijsonderzoek & Advies die represintatyf ûndersyk ûnder fjouwerhûndert basisskoallen en die juster kunde fan ’e risseltaten. Yn de trije grutte stêden Amsterdaam, Rotterdaam, De Haach en harren omlizzend gea wie op de skoallen noch mar 17 persint fan ’e Piten swart, Ruotfeechpiten: 84 persint. Dat kin men mei rjucht en reden in oerwinning foar it anty-Swarte Pitenfront neame.

Bûten dy goaen wie de sitewaasje oars. Op 85 persint fan ’e basisskoallen bûten de grutte stêden waard it rûchste fan it struiwurk ek dit jier wer út it strie set fan Piten sa swart as git. Op 80 persint hie de matearje yn it sinteklaasoerlis net iens tema west. Guon dwersbongeljende skoallen ferklearren fan ’e weromstuit dat se mei sin Swarte Piten foar kar nommen hiene – dat hat grif yn Dokkum west.

De útkomst fan it ûndersyk wie wyn op ’e mûne foar dyjinge dy’t nei de Slach by Dokkum fan twa wike lyn ha woene dat der in djippe kleau sit tusken stêd en plattelân, benammen tusken de stêd Amsterdaam en it plattelân yn de krite fan de A7 tusken de Jouwer en it Hearrefean.

Maud Effting hie sneon mei west mei de Fryske fjildtocht en út har werjefte waard ik wiis dat it sneon wier wol in smout útsje west hie. Yn Dokkum koe in inkeld wanlûd oantekene wurde, mar de demonstranten hiene der ek as Ûnnoazelsma by stien as se mei hoallefoaljen, earms om ’e hals en bosken roazen sêft set wiene. Dêr tsjucht men de Ôfslútdyk net foar oer, sûnder in bytsje tsjinwar wurdt eltse demonstraasje in âldereinútstapke.

‘Dit is Nederland anno 2017’, sei ien fan ’e inisjatyfnimmers yn ’e bus. ‘Dit is hier nodig om vreedzaam gebruik te kunnen maken van je stem.’ Men soe it ek omdraaie kinne; safolle (9 MI-buskes, 2 sleepauto’s en 11 moterplysjes) woene de autoriteiten skewiele en bewarje it demonstraasjerjucht. De aksjefierder Jeffrey Afriyie meat it ôf nei de manear dêr’t yn ’e fyftiger jierren Amerikaanske swarte skoalbern fan it leger beselskippe wurde moasten ûnderweis nei har mongen skoallen ta. Dat wie faaks in flinterke oerdreaun, mar de grutste fijân fan in fûl begien man is no ienkear it relativearjen – dan leaver: swier mâlbearen.

Hoe liket it mei dy basisskoallen yn ’e provinsje? Meitsje dy de kleau wier? Slaan bûten de Rânestêd rasisten en ús slavernijferline ferhearlikjende lju foar master op? My tinkt fan net. Se binne dêr op ’en heechsten wat âldwenstiger as men en se hawwe net folle op ’e rekken fan de grutstedske seloaten dy’t ‘die domme boertjes’ wol efkes ferdútse sille hoe’t de sturt oan ’e baarch sit. Dy bóppetoan noasket harren net.

Mar trochinoarhinne binne se rillik ridlik, hear – ik kom sels út dy kontreien. Licht wat mei de druk, hâld op mei dat alderfergrimendst gnjirdzjende hammerjen op it eigen gelyk, donderje der in kerltsje humor by en takom jier sweeft it fan de Ruotpiten – 2018, Zwarte Piet bij Dokkum vermoord.

Dit vind je misschien ook leuk...