Lêsmoadus
Heu Sytze,
Dy stikken yn It Nijs, bygelyks fan Abe de Vries, mei ik frekte graach lêze, fral fansels as it oer in foarfaar fan my giet 🙂 Allinnich, dy letterkes binne my langer fierstente lyts (alhoewol’t ik in baas skerm haw).
Ik wit net hoe’t dij soks giet.
Mar no seach ik by tafal dat as ik op de rjuchtermûsknop druk, men de lêsmoadus oanklikke kin. Dy funksje is nij. (‘Nij’ stiet der alteast by my by.)
Dêrnei kinst de tekst yn it artikel markearje en dan it dûbelde fertikale streekje nei lofts lûke (sjuch boppesteande skermkyk).
It is efkes in weet, mar dizze Unnoazelsma docht meast it geduld net en fyn sokke dingen út.
Hawar, tûzen om trettjin datsto dy funksje allang brûkst.
NDF
Jaap
Ik lear ek alle dagen fan dij!